Oarehelte
In oarehelte of houlikspartner is in geslachtsneutrale oantsjutting foar immen mei wa't men it libben dielt en in houlik of in oarsoartige duorjende en ornaris eksklusive relaasje op it mêd fan leafde ûnderhâldt (lykas in registrearre partnerskip, in relaasje op basis fan in gearwenningskontrakt of as men oer de putheak troud is).
In oarehelte fan it manlike geslacht wurdt oantsjut as man (yn 'e sin fan "myn man"), en in oarehelte fan it froulik geslacht wurdt in frou neamd (yn 'e sin fan "myn frou"), of ek wol wiif. Men hat it tsjintwurdich ek wol oer echtgenoat of echtgenoate, mar dat binne hollanistyske ynterferinsjes op basis fan it Nederlânske echtgenoot en echtgenote. Tegearre foarmje de beide oarehelten in pear of stel, of, as se troud binne, in troud pear of man-en-wiif.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|