Maranathatsjerke (Droegeham)
De Maranathatsjerke is de tsjerke fan 'e Kristlik Grifformearde tsjerke yn Droegeham.
Maranathatsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Droegeham | |
adres | Lytse Wei 22 | |
koördinaten | 53° 11' N 6° 06' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Kristlike Grifformearde Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1972 | |
Webside | ||
Side CGK Droegeham | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1972 boud op it plak fan in âldere Kristlik Grifformearde tsjerke út 1931. Fan 1946 oan 1949 dielde de gemeente it gebou mei de frijmakke gemeente.
Op 6 oktober 2005 bestie de Kristlik Grifformearde tsjerke fan Droegeham 75 jier. Yn it ramt fan it jubilieum publisearren de Hamster kristlik grifformearden it boek Van geslacht tot geslacht. 75 jaar Christelijke Gereformeerde Kerk Drogeham.[1]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan 'e Maranathatsjerke waard yn 1993-1994 boud troch de firma Nijsse & Soan út it Siuwskse Oud Sabbinge. By de bou waard gebrûk makke fan âlder materjaal.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|