Militêre plysje

(Trochferwiisd fan Maresjesee (algemien))

De militêre plysje (MP) of maresjesee is yn essinsje in plysjetsjinst dy't ferantwurdlik is foar befeiliging en wetshanthavening binnen de striidkrêften. Wannear't de militêre plysje binnen de kriichsmacht operearret, binne de leden fan 'e tsjinst yn 'e regel dúdlik fan oare ofsieren en manskippen te ûnderskieden troch de oantsjutting MP op har helms of op in stripe stof om 'e boppe-earm. Dêrnjonken komt it faak foar dat sa'n ynstelling ek ynset wurdt foar wetshanthavening bûten de kriichsmacht. Sa is de Keninklike Maresjesee yn Nederlân ek ferantwurdlik foar de befeiliging fan 'e nasjonale lofthavens.

Italjaanske carabinieri.
Maresjesee wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: maresjesee (betsjuttingsside).

Ek komt it lykwols foar dat in kriichsmacht net oer in eigen plysjetsjinst beskikt, mar dat plysjetaken binnen de kriichsmacht útfierd wurde troch in sjendarmery, in op militêre least skuoide boargerlike plysje-organisaasje dy't ek oare plysjetaken útfiert. Sa wie it bygelyks foarhinne yn Belgje, dêr't de boargerlike Rykswacht ferantwurdlik wie foar sawol sivile as militêre plysjetaken. Doe't dy tsjinst lykwols opgie yn in yntegrearre plysjetsjinst, krigen de Belgyske Striidkrêften har eigen militêre plysje.

Yn guon lannen, lykas Nederlân foarmet de militêre plysje in selsstannige tûke fan 'e striidkrêften, njonken de lânmacht, de loftmacht en de marine. Yn Itaalje beskikt it út 120.000 man besteande Arma dei Carabinieri sels oer eigen oarlochsskippen en in eigen loftmachtkorps. Yn oare lannen, lykas de Feriene Steaten, bestiet gjin selsstannige militêre plysje, mar beskikke de ûnderskate kriichsmachtûnderdielen (yn it gefal fan 'e Feriene Steaten lânmacht, loftmacht, marine en marinierskorps) elts oer in eigen militêre-plysjeôfdieling.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.