Marga Claus (Ljouwert, 16 febrewaris 1955) is in Frysk skriuwster. In part fan har wurk is ek oerset yn it Nederlânsk.

Marga Claus
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marga Claus - de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 febrewaris 1955
berteplak Ljouwert
wurk
taal Frysk
offisjele webside
DBNL-profyl

Marga wenne oant har sânde jier yn har berteplak, dêrnei ferhuze se nei Easterein. Se folge de PA yn Snits mar stie ynearsten net foar de klasse; se troude en krige trije bern. Yn 1987 pakte se de trie fan it beropslibben wer op en fûn se in dieltiidbaan yn it folwoeksene-ûnderwiis.

Al op jonge leeftyd begûn Claus mei it skriuwen fan koarte ferhalen; lêze en skriuwe wiene foar har like wichtich as ite en drinke. Sels seit se dêroer: ‘As ik it libben eefkes net oankin, as it in gaos yn myn holle is, pak ik de pinne. Ik bin hiel emosjoneel, troch de dingen fan my ôf te skriuwen hâld ik gryp op ’e wrâld. Lêze en skriuwe foarmje in twa-ienheid foar my.’
Yn 1990 wûn se de twadde priis mei in ferhaleskriuwwedstryd op It Hearrenfean. Dat wie foar har in oanwizing dat se skriuwe koe. Earder hie se al in pear literêre kritiken publisearre yn Frysk en Frij. Claus keas bewust foar it Frysk as har skriuwtaal, omdat dat de taal is dy’t it tichst by har emoasjes leit en it ek de taal is dy’t yn har neiste fermidden it measte effekt hat.

Under de skûlnamme Grethe v.d. Geest debutearre se yn Trotwaer 1999-1 mei it autobiografyske ferhaal 'Leave Henri of Brief oan ’e Himel (henrinou@ himel.com)'. It is in bycht-brief rjochte oan de yn 1996 ferstoarne roomske preester-skriuwer Henri Nouwen. Brieveskriuwster Mare wrakselet mei fertriet om it ferlies fan in freondin en mei rivaliteit ûnder de roujenden, en siket treast yn it spirituele. It ferhaal is kompleks opboud en lit mar in smelle grins sjen tusken fiksje en realiteit. Dêr lei al in foaroankundiging yn fan it type literêre teksten dat Claus skriuwe soe. Under eigen namme skreau se yn Trotwaer noch in rige kollumn-achtige bydragen, wêrûnder in oantal tige sarkastyske observaasjes fan it Frysk-literêre libben.

Yn 1999 learde Claus in Oekraynske flechtlinge kennen. Yn har debútroman Oxzana, ferhaal fan in flechtling ferwurke se it libbensferhaal dat se fan de flechtlinge heard hie. Haadpersoan Oxzana moetet yn har stúdzjetiid yn Kiev in Afgaanske studint filosofy, Ghalil neamd. Se wurde fereale en fertrekke nei Kabûl yn de tiid dat de Russyske oanwêzigens yn Afganistan sawat op ’e non rint. It akkordearret net tusken Oxzana en har skoanfamylje; de kultuerkleau is grut. As Ghalil yn 1990 by in loftoanfal om it libben komt en twa jier letter de Taliban opmarsjearje nei Kabûl moat Oxzana mei har trije bern flechtsje, werom nei in Sovjet-Uny dy’t yntusken út elkoar fallen is. By einsluten bedarret se yn Fryslân yn in asylsikerssintrum. Oxzana waard sa in dokumintêre roman: in roman dy’t de feiten sa nei-oan krûpt dat it etiket ‘roman’ allinne noch mar tsjinnet om de personaazjes te beskermjen tsjin al te folle persoanlike iepenheid. It boek waard opdroegen oan de ferstoarne freondin dy’t ek yn Claus har debútferhaal foarkaam. It boek sloech troch syn flot lêsbere styl en troch de tematyk oan by de lêzers, nei fjouwer moanne wie de earste printinge al útferkocht. Ek de twadde en tredde printinge wiene gau útferkocht, dêrom besleat de Afûk om yn 2010 in fjirde printinge fan it boek út te jaan. Claus krige yn dy tiid alle dagen brieven, mailtsjes en tillefoantsjes fan lêzers dy't har witte lieten hoe’t it ferhaal harren rekke hie.

De earste roman wie noch mar amper klear doe’t de skriuwster de stoffe fan har folgjende boek al fûn hie. Yn Boalsert trof se in pater Fransiskaan dy’t tweintich jier op Papoea-Nij-Guinea yn de missy wurke hie. De ferhalen dy’t se fan de pater hearde, brûkte se as útgongspunt foar har folgjende roman, De heit fan Serafyn. Claus wurke har twadde boek op in oare manier út as it earste, der wie mear klearebare fiksje yn bemongen. Yn in fraachpetear yn De Moanne nr. 3 fan 2002 sei se: ‘Ik ha it gefoel dat ik my mei it twadde boek dûbeld wiermeitsje moat. It is in oar boek, wat dreger as Oxzana. It is foar in wat lytser publyk, mar dat makket my neat út. Ik skriuw net om it publyk te behaagjen, mar om’t ik it gefoel ha dat guon ferhalen ferteld wurde moatte.’ De earste printinge fan 1.000 stiks wie gau útferkocht, dêrom kaam der yn 2004 in twadde printinge.

Yn it tredde boek Lytse do bleau de skriuwster tichter by hûs. It boek is tagelyk ek har meast persoanlike. De haadfiguer Kike hâldt in deiboek by wylst dochter Gitte, sûnder dat it sa bedoeld wie, yn ferwachting is. De lêzer belibbet de tinzen en fielings fan in mem dy’t beppe wurde sil en tagelyk sels tangele sit mei har oergong. It giet ek oer har beppesizzer, tsjin wa’t se praat (‘lytse do’), oer de wederwaardichheden fan Gitte, dy’t breed oan de oarder komme, en oer dat wat der bart mei har tún, it waar, it greidlân, har hûn en har wurk as taallearaar by it flechtelingewurk. Leauwe, libbensfragen en de spitituele kant fan it libben komme ek gauris oan de oarder, en allyksa echoje yn de tekst de boeken dy’t se lêzen hat. Ut en troch tinkt Kike werom oan hoe’t har eigen mem wie, sadat it boek fjouwer generaasjes froulju beslacht.

Crossdressing

bewurkje seksje

De fjirde roman Bollman & Bollman tematisearret it ferskynsel fan de crossdressing of earder ek wol travesty neamd. Claus keas op ’en nij foar minsken mei in eigen en apart libbensferhaal, mar dizze kear net ophongen oan de kapstok fan feitlike gegevens. It boek is in alhiel fiktyf ferhaal oer in net-alledeisk ûnderwerp. It ferskinen fan de roman ein maaie 2009 waard begelaat mei in yntinse publisiteitskampanje, alhiel troch de skriuwster sels op tou set, mei help fan minsken út har freonenetwurk.

  • 2000 : Oxzana, ferhaal fan in flechtling (4e pr. 2010)
  • 2003 : De heit fan Serafyn (2e pr. 2004)
  • 2006 : Lytse do, dei- en nachtboek foar in stjerrebern
  • 2009 : Bollman & Bollman
  • 2013: Kompleten (in 2017 vertaald als "Completen")
  • 2015: Mariamonologen (Nederlânsktalich)
  • 2016: Neiskrift (boekewikegeskink, tegearre mei Aggie van der Meer)
  • 2016: "Hans Claus; skilderijen en ikoanen (priveeútjefte)
  • 2024: Libbe

Oersettingen

bewurkje seksje
  • 2005 : Oxzana’s vlucht; twadde printinge (by in oare útjouwer) 2006
  • 2006 : De vader van Serafyn
  • 2017: Completen
  • 1990 : 2e priis mei ferhaal by de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: