Margaretha Zelle Akwadukt
It Margaretha Zelle Akwadukt is in akwadukt oan de westkant fan Ljouwert yn it ferlingde fan de Fahrenheitwei en de Johannes Brandsmawei. It Van Harinxmakanaal rint oer it akwadukt.
Margaretha Zelle Akwadukt | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
bysûnderheden | ||
boujier | 2012-2014 | |
oerbrêget | N31 | |
tunnelet ûnder | Van Harinxmakanaal | |
oare ynformaasje | ||
lingte | 60 m. |
It bouwurk is ferneamd nei de yn Ljouwert berne dûnseres Margaretha Zelle, de wiere namme fan Mata Hari. It akwadukt waard op 18 december 2014 offisjeel iepensteld. De Swettebrêge wie sûnt de oanlis fan de Heak om Ljouwert (N31) en it akwadukt net mear yn gebrûk en waard dêrom yn 2016-17 sloopt.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Margaretha Zelle Akwadukt fan Wikimedia Commons. |