Mayke Boelens of Maria Boelens (doopt op 6 novimber 1670 - 1751) wie in ealfrou út Jelsum dy't op de Dekemastate wenne fan 1670-1751. Troude yn 1693 mei J.W.Coutis en yn 1698 mei J.L.Doys

Maria Boelens

Op 25 desimber 1698 is Maria Sjoerdsdochter fan Boelens ûnderweis nei Dekemastate as breid fan Johan Lodewijk Doys. Hja is dan in widdo fan 28 jier, mei twa dochterkes út har earste houlik, 5 en 3 jier jong. De âldste is Aemilia Couttis, neamd nei prinsesse Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, de frou fan prins Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz. Har earste man, Jacob Willem Couttis wie edelman fan de keamer fan de prinsesse. It dochterke fan 3 jier hjit Jacoba Couttis. De âlden fan Mayke binne al ferstoarn. Har heit Sjoerd wie griffier fan it Hof fan Fryslân en ek noch trije jier boargemaster fan Ljouwert.

Johan Loadewyk Doys is kapitein fan de ynfantery en lid fan de Ried fan Steat. It is ek foar him in twadde houlik. Ut it houlik wurde trije dochters berne: Anskje yn 1699, Juliana Lucia (Jeltsje ) yn 1701 en Anna Catharina yn 1702. It sjocht der moai út, mar noch yn 1702 stjert Johan L. Doys. No is Maria foar de twadde kear widdo en se hat wyls fiif dochters. Hja bliuwt op Dekemastate wenjen.

Yn 1721 trout har jongste dochter Anna Catharina mei Samuel de Lannoy. Dit pear bewennet Dekemastate. Nei alle gedachten wennet Maria yn de winter yn har hûs yyn de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert en simmerdeis by Anna Catharina op Dekemastate.

Maria stoar yn 1751, op 81-jierrige leeftiid en se waard yn de tsjerke fan Jelsum begroeven. Foar Dekemastate stiet in sinnewizer mei de roas út it wapen fan de famylje Boelens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Website Dekemastate
  • Nijsbrief fan de Feriening fan freonen en freondinnen fan Dekemastate, april 1995, troch R.Bouma
  • Genealogysk Jierboekje 1994 (Fryske Akademy)