Marieke Lucas Rijneveld
Marieke Lucas Rijneveld, berne as Marieke Rijneveld, (Nieuwendijk, 20 april 1991) is in Nederlânsk skriuwer en dichter.
Marieke Lucas Rijneveld | ||
skriuwer | ||
Marieke Lucas Rijneveld, 2022 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 april 1991 | |
berteplak | Nieuwendijk | |
wurk | ||
sjenre | Proaza, poëzy | |
útjouwer | Atlas Contact | |
prizen | C. Buddingh'-priis 2016 Booker International Prize 2020 | |
offisjele webside | ||
Hiemside |
Libben en wurk
bewurkje seksjeRijneveld waard berne op in pleats yn in grifformearde hûshâlding. Se studearre in jier Nederlânsk oan de dosinte-oplieding yn Utert en oan de Skriuwersfakskoalle yn Amsterdam. Har wurk waard publisearre yn ûnder oare de VPRO Gids, Het liegend konijn en Hollands Maandblad.
Rijneveld wûn de Hollands Maandblad Aanmoedigingsbeurs 2014/2015 en it C.C.S. Crone-stipendium 2015. Yn juny 2015 ferskynde har poëzydebút Kalfsvlies by Atlas Contact. de Volkskrant rôp har út ta literêr talint fan 2016.[1] Se wûn mei dy bondel de C. Buddingh'-priis 2016 foar it bêste poëzydebút fan it jierr.[2] Wilens wurke hja oan har roman De avond is ongemak dy't yn de rin fan 2018 in bestseller waard. De Ingelske fertaling The Discomfort of Evening helle de shortlist fan de International Booker Prize 2020. Fantoommerrie, har twadde dichtbondel, ferskynde yn febrewaris 2019 en wûn de Ida Gerhardt Poëzypriis 2020.
Yn 2021 waard Rijneveld troch de Amerikaanske dichteres Amanda Gorman útkeazen om har wurk yn it Nederlânsk oer te setten. Rijneveld oanfurdige de opdracht ynearsten, mar luts har letter werom nei 't de Nederlânske rassefoarfjochtster Janice Deul de útjouwer bekritisearre foar it jaan fan in opdracht oan in blanke oersetter foar it wurk fan in swarte dichteres.
Yn septimber 2021 makke it CPNB bekend dat Rijneveld it boeke-essay foar de Boekewike fan 2022 skriuwe sil.
Njonken de skriuwerij wurket Rijneveld twa dagen yn 'e wike op in molkfeehâlderij.
Lucas
bewurkje seksjeRijneveld woe yn groep trije fan de basisskoalle graach in jonkje wêze en betocht doe Lucas, in fantasyfreontsje. Ienris op 'e middelbere skoalle waard Rijneveld narre fanwegen in jongeseftich foarkommen en paste syn hâlden en dragen oan. Doe 't Rijneveld njoggentjin jier wie, kaam dat jongeseftige werom; yn 2010 heakke Rijneveld de namme Lucas ta as twadde foarnamme.
Rijneveld fynt it spitich dat der yn it Nederlânsk noch gjin foarnamwurd is foar non-binêre minsken. Rijneveld joech der in skoft yn ’t Ingelsk de foarkar oan om mei it genderneutrale persoanlik foarnamwurd 'they' oantsjut te wurden. Om 't der gjin better wurd is keas Rijneveld derfoar om har yn it Nederlânsk oantsjutte te litten mei 'zij'. Letter, yn jannewaris 2022, liet Rijneveld witte de foarnamwurden 'he' en 'him' te ferkiezen en 'hij' en hem'.
- Dichtbondels
- Kalfsvlies. Atlas Contact, juny 2015.
- Fantoommerrie, 2019
- Romans
- De avond is ongemak. Atlas Contact, jannewaris 2018.
- 2020 - Ingelsk: The Discomfort of Evening, fertaling Michele Hutchison
- Mijn lieve gunsteling. Atlas Contact ISBN 9789025470142
Prizen
bewurkje seksje- 2016 - C. Buddingh'-priis
- 2019 - ANV Debutantepriis
- 2020 - Peter van Straaten Psychologypriis foar De avond is ongemak. Tagelyk mei Esther Gerritsen en Yvonne Keuls.
- 2020 - Ida Gerhardt Poëzypriis foar Fantoommerrie
- 2020 - Booker International Prize foar The Discomfort of Evening
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marieke Rijneveld fan Wikimedia Commons. |