Marije-Himelfearttsjerke (Breda)
De Us-Leaffrouwe-Himelfearttsjerke wie in neogoatysk tsjerkegebou mei in 88-90 meter hege tsjerketoer oan 'e Ginnekenstraat 2 yn 'e Brabânske stêd.
Marije-Himelfearttsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Brabân | |
plak | Breda | |
adres | Ginnekenstraat 2 | |
koördinaten | 51° 35' N 4° 46' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jan Jurien van Langelaar | |
boujier | 1888-1890 | |
sloopjier | 1966 | |
boustyl | Neogotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke folge feitlik de âlde parochytsjerke fan Breda op, de Us-Leaffrouwetsjerke, dy't sûnt 1637 foar altiten yn protestantske hannen kaam en doe de namme fan Grutte Tsjerke krige.
Sûnt 1715 hiene de roomsen wer in skuorretsjerke oan 'e Waterstraat, de Sint-Joazeftsjerke. Yn 1837 waard foar dy skûltsjerke in gruttere wettersteatstsjerke yn neoklassisistyske styl boud. Ek dy tsjerke waard troch de stedsútwreiding nei it suden ta en de groei fan 'e roomske befolking al gau te lyts.
De neogoatyske tsjerke
bewurkje seksjeMei de bou fan de neogoatyske tsjerke waard yn 1888 útein set. It waard in ûnbidich grutte tsjerke fan 75 meter lang en 25 meter breed mei in 88 meter hege toer. De trijeskippige krúsbasilyk mei loftbôgen, in koeromgong en in net útspringend dwersskip wie in ûntwerp fan Jan Jurien van Langelaar. De tsjerke hie in geef neogoatysk ynterieur en glês-yn-leadramen en fertsjintwurdige it wichtichste bouwurk fan de arsjitekt. Nei de foltôging fan 'e Marije-Himelfearttsjerke waard de Sint-Joazeftsjerke oan 'e Waterstraat ôfstjitten, mar it gebou bestiet noch altiten. Tusken 1896-1897 waard op 'e hoeke fan 'e Oranjesingel en Terheijdenstraat in nije Sint-Joazeftsjerke boud.
Mei de ûntfolking fan 'e binnenstêd fan Breda, de oanlis fan nije wiken, de bou fan moderne tsjerken en de hege ûnderhâldskosten waard de tsjerke yn 1966 sletten. In jier letter waard de tsjerke ôfbrutsen. Yn dy tiid stie de neogoatyske arsjitektuer net heech yn oansjen.
It wie de earste fan 'e trije grutte roomse tsjerken yn 'e binnenstêd, dy't ôfbrutsen waarden. In jier letter folge de sloop fan 'e Sint-Barbarakatedraal oan 'e Prinsenkade en yn 1976 ek de Sint-Joazeftsjerke oan 'e Oranjesingel. Dêrmei ferlear de stêd yn in tiidsbestek fan 10 jier tiid trije grutte byldbepalende neogoatyske tsjerken.
Ynearsten waard it frijkommende gebiet as parkearterrein brûkt. Letter is der in winkelsintrum boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|