Marije- en Annekatedraal (Cork)

De Marije- en Annekatedraal, of eins de Katedraal fan Sint-Marije en Sint-Anne (Iersk: Ardeaglais Naomh Muire agus Naomh Áine, Ingelsk: Cathedral of Saint Mary and Saint Anne; ek bekend ûnder de Katedraal fan Cork), is in roomsk-katolike katedraal yn Cork, Ierlân. It is de biskopstsjerke fan it bisdom Cork en Ross.

Marije- en Annekatedraal

Ardeaglais Naomh Muire agus Naomh Áine
Cathedral of Saint Mary and Saint Anne

Lokaasje
lân Ierlân
provinsje Munster
plak Cork
koördinaten 51°54' N 8°28' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Cork en Ross
patroanhillige Marije, Anna
Arsjitektuer
arsjitekt G.R. Pain
boujier 1808
boustyl neogotyk
Webside
corkcathedral.ie
Kaart
Marije- en Annekatedraal (Cork-Sintrum)
Marije- en Annekatedraal

De katedraal waard yn 1808 ynwijd, maar rekke slim skeind troch brânstifting yn 1820. De arsjitekt George Richard Pain fersoarge de restauraasje fan 'e katedraal.

Yn 1964 waard de katedraal grutter makke. De katedraal wie nea neffens de âlde plannen foltôge en alles eastlik fan 'e kommunybanken waard sloopt foar in ferlinging en de bou fan in nije sakristy en oare romten. Spitigernôch ferdwûnen der by dy restauraasje ek ynrjochtingsstikken fan histoarysk belang. Boppe it alter waard in nije toer boud, dy't past by de styl fan 'e âlde westlike klokketoer.[1]

It meast resinte wurk oan 'e katedraal datearret fan 'e jierren 1990. De toer en de alterromte binne doe renovearre en op 'e nij ynrjochte. Nei slachrein die ek bliken dat it dak fan 'e tsjerke fernijd wurde moast. Bûten waard it mistelwurk ûnderhannen nommen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cathedral of St Mary and St Anne