Marije fan Betanië
Marije fan Betanië (ek: Maria fan Betanië) is in frou dy't yn de evangeeljes fan Lukas en Jehannes yn it Nije Testamint beskreaun wurdt.
Bibelske beskriuwing
bewurkje seksjeOer Marije fan Betanië wurdt yn de evangeeljes Jehannes en Lukas skreaun. Yn Lukas is hja de suster fan Marta, mei wa't hja tegearre wennet yn in net neier te neamen doarp. Jehannes skriuwt dat Marije en Marta tegearre mei harren broer Lazarus yn it doarp Betanië wenje, op in pear kilometer fan Jeruzalim. Oer it generaal wurde de twa Marta en Marije's fan de beide evangeeljes as deselde persoanen sjoen.
Evangeelje fan Lukas
bewurkje seksjeYn Lukas 10:38-41 giet Jezus op besite by Marta en Marije. Marta wie o sa bannich mei it meitsjen fan iten en de betsjinning, wylst Marije har noflik del joech oan de fuotten fan Jezus om te harkjen nei Syn wurden. Op it lêst krige Marta skjin har nocht en frege oan Jezus wat Hy no tocht fan Marije, dy't har foar al it wurk opdraaie liet. Jezus nimt it lykwols op foar Marije en seit dan tsjin Marta: "Jo sitte oer in protte saken yn noed, mar it giet mar om ien ding. Marije hat it bêste part keazen, en dat kin har net ôfnommen wurde" (Lukas 41).
Evangeelje fan Jehannes
bewurkje seksjeYn it evangeelje fan Jehannes spilet Marije in rol yn twa haadstikken. Jehannes skriuwt earst oer de opwekking fan Lazarus, de broer van Marta en Marije en makket fuort dúdlik dat it deselde Marije is dy't de fuotten fan Jezus salve en se mei har hier ôfdrûge.
Doe't Lazarus slim siik wie, stjoerden de beide susters Jezus (dy't net mear yn Judea wie) in boadskipper mei it fersyk te kommen. As Jezus lang om let nei in tal dagen einliks it doarp naderet, rint Marta Him al klaagjend yn 'e mjitte: "Wiene Jo no mar earder kommen, dan wie Lazarus net stoarn". Marije wachtet ôf en komt net earder as dat hja roppen wurdt troch Marta. Marije falt dan skriemend oan de fuotten fan Jezus en seit dan wurden dy't oerien komme mei de wurden fan Marta. Dochs is de reaksje fan Jezus op de froulju ferskillend. By Marta ropt Jezus op om te leauwen en te fertrouwen, wylst Jezus by Marije oandien is. As Jezus nei it grêf fan Lazarus giet jout Er Marta de opdracht om de stien wei te rôljen. Maar Marta twifelt en warskôget foar de stank, om't it lyk der al fjouwer dagen leit. Op 'e nij ûnderwiist Er dan Marta dat hja leauwe moat (Jehannes 11:1-40).
Seis dagen foar Peaske komt Jezus op 'e nij yn Betanië. Hy giet dan wer by sym freon Lazarus del. Marta wie drok mei de hûshâlding en it iten, wylst Lazarus en oaren harren by Jezus foegen. Marije kaam doe oansetten mei djoere nardusoalje en geat dat allegear oer de fuotten fan Jezus, sa't it hiele hûs swietrokich waard fan de parfum. Ferfolgens drûge hja Syn fuotten ôf mei har hier. Dit joech oanlieding foar de lettere ferrieder Judas Iskariot om op te merken dat dy fergrimerij fan dizze djoere oalje better besteed wie oan de earmen. No wie Judas Iskariot de net sa earlike kashâlder, dy't hielendal net oan de earmen tocht mar foaral oan syn eigen ponge, om't hy geregeldwei wat ús de kas foar himsels weinaam. Jezus naam it foar Marije op en hiet de oaren om har gewurde te litten: "de oalje wie ornearre foar de dei fan myn begraffenis, de earmen ha jimme altiten om jim hinne mar Ik bin net altiten by jimme" (Jehannes 12:1-8).
Betizing
bewurkje seksjeYn de tradysje fan it westerske kristendom waard Marije fan Betanië fakentiden mei Marije Magdalena troch inoar helle. Ek waard Marije fan Betanië wol mei de nammeleaze sûnderes út Lukas 7:37-38, dy't Jezus de fuotten salve, lyksteld. De easterske tsjerken holden de persoanen lykwols sekuer út inoar.
Feestdagen
bewurkje seksje- Otterdokske tsjerke: 4 juny
- Katolike, Luterske en Anglikaanske tsjerke (tegearre mei Lazarus en Marta): 29 july
- Armeenske tsjerke: 9 april, 16 april 22 oktober
- Koptyske tsjerke: 13 jannewaris en 24 juny
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marta en Marije fan Wikimedia Commons. |