Marta fan Betanië
Marta fan Betanië is in bibelsk persoan út it Nije Testamint. Hja wurdt yn de evangeeljes fan Lukas yn it 10e haadstik (38-42) en yn Jehannes yn it 11e (1-16) en it 12e (1-11) haadstik neamd. Marta wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke en Eastersk-Otterdokske Tsjerke as in hillige fereare en betocht yn de lutherkse en anglikaanske tradysjes. De katolike feestdei is op 29 july.
Marta fan Betanië | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ± 1 | |
berteplak | Betanië (?) | |
stjerdatum | ± 80 | |
stjerplak | Palestina of Tarascon, Frankryk of Syprus | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke guon protestantske tsjerken Koptysk-Otterdokse Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
hjeldei | Katolike, anglikaanske, lutherske feestdei 29 july; otterdokske feestdei: tredde snein fan de peasketiid | |
attributen | Draak, itensiedersreau, wijwettertsjettel |
Bibel
bewurkje seksjeYn it evangeelje fan Lukas bringt Jezus in besite oan it hûs fan de twa susters Marije en Marta. Marije en Marta hawwe in hiel ferskillend karakter. Doe't Jezus gast by de susters wie makke Marta har drok om de betsjinning. Marta rûn hinne-en-wer om't der in soad te dwaan wie, wylst Marije rêstich siet te harkjen nei de wurden fan har master. Doe't Marta har lang om let by Jezus beklage dat al it wurk foar har opkaam en har suster dêr mar wat siet, andere Jezus: "Marta, jo sitte oer in bulte saken yn noed, mar it giet mar om ien ding. Marije hat foar it "bettere diel" keazen en dat sil har net mear ôfnommen wurde". De namme fan it doarp Betanië wurdt yn Lukas net neamd en likemin wurdt der skreaun dat Jezus yn de kontrijen fan Jeruzalim wie.
Yn it evangeelje fan Jehannes wurdt der twaris skreaun oer Marije en Marta: by de opwekking fan harren broer Lazarus (Jehannes 11) en it salvjen fan Jezus yn Betanië (Jehannes 12:3). Doe't Lazarus ferstoarn wie en Jezus yn Betanië oankaam, rûn Marta Him yn 'e mjitte en bleau Marije thús sitten. Nei't Marta har suster ophelle sei Marije tsjin Jezus: "as Jo hjir mar west hiene, dan wie myn broer net ferstoarn". Doe't Jezus nei it grêf rûn, frege er oan Marta om it grêf te iepenjen. De réaksje fan Marta wie ynearsten ferheard en hja andere dat er in aaklike lucht hingje moast want hy wie al fjouwer dagen dea, mar Jezus learde har: "Ha ik jo net sein dat jo de gloarje fan God sjen sille, as jo mar leauwe?".
Yn Jehannes 12:1-8 makket Marta in miel klear foar Jezus, dy't dan seis dagen foar Peaske yn Betanië is. Wylst Marta de betsjinning docht salvet Marije de fuotten fan har master mei djoere nardusoalje.
Tradysjes
bewurkje seksjeWesterske tradysje
bewurkje seksjeYn it midsiuwske westerske kristendom waard Marta har suster Marije fakentiden lyksteld mei Marije Magdalena. Dy identifikaasje liedde der ta dat oan Marta oanfollende ynformaasje waard taskreaun.
Otterdokske tradysje
bewurkje seksjeYn de otterdokske tradysje hearden Marta en Marije by de froulju dy't by de krusiging fan Jezus op Golgota wiene en letter op de iere moarn mei mirre by it grêf fan jezus kamen om it lichem neffens de joadske tradysje te balsemjen. Hja wiene de earsten dy't it lege grêf ûntdutsen en it blide nijs fan de ingel hearden.
De otterdokske tradysje wol ek ha dat Marta har broer Lazarus by de ferfolgings fan kristenen nei it martlerskip fan Sint-Stefanus Jeruzalim ferlitte moast en tegearre mei Marta út Judea flechte. Hja holp Lazarus mei it ferkundigjen fan it evangeelje yn ferskate lannen, wylst Marije by de apostel Jehannes bleau en him holp mei de tsjerke fan Jeruzalim. Letter kamen alle trije nei Syprus, dêr't Lazarus de earste biskop fan Kittim (it hjoeddeiske Larnaca) waard en se alle trije stjerre soene.
Leginde
bewurkje seksjeFrankryk
bewurkje seksjeNeffens de Legenda aurea ("Gouden leginden") soe Marta yn it jier 48 nei de dea fan Jezus tegearre mei Lazarus en Marije nei Frankryk flechte wêze. Yn de omjouwing fan Marseille soe hja in kleaster stifte ha en dêr yn ôfsûndering libbe ha. Hja soe ek nei Tarascon gien wêze, dêr't yn 'e bosken in mûnster huze, de Tarasque, in draakeftich bist dy't minsken friet en de lokale befolking bedrige. Troch it mûnster mei wijd wetter te besprinkeljen wist hja it nuet te krijen en oan in koarde troch it doarp te lieden. Marta bleau dêr wenjen en nei har ferstjerren yn Tarascon waard se dêr begroeven. Har grêf stiet yn de krypte fan de kollegiale tsjerke fan Tarascon.
It patronaat fan Sint-Marta fan de kollegiale tsjerke fan Tarascon datearret fan de 9e iuw of noch earder. De by in rekonstruksje yn 1187 ûntdutsen reliken waarden oan Marta taskreaun en yn in nije skryn byset. Yn de krypte fan de tsjerke stiet in tombe út de 15e iuw, ek bekend ûnder de namme fan de Goatyske Tombe fan Sint-Marta. Twa iepenings yn de basis meitsje it mooglik om de reliken oan te reitsjen. De tombe is fersierd mei basreliëfs fan Sint-Marta en de draak (rjochts), Sint Marije Magdalena dy't troch ingels droegen wurdt (midden) en Lazarus as biskop fan Marseille (rjochts). Oan de sydkanten fan de tombe binne lofts Sint-Front (biskop fan Marseille) op de begraffenis fan Sint-Marta en rjochts Sint-Marsella, Marta's hulp, te sjen.
Villajoyosa
bewurkje seksjeDe stêd Villajoyosa yn Spanje ferearet Sint-Marta as beskermhillige en fiert alle jierren it Festival fan de More en de Kristenen ta eare fan har. It 250 jier âlde festival betinkt dan de oanfal fan de Barbarijske seerôvers fan 1538, doe't neffens de leginde, Sint-Marta de bewenners helpen kaam troch in floed te feroarsaakjen dy't de fijannige float weifage sadat de piraten de kust net benei komme koene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Martha von Bethanien
|