Markant (Jistrum)
It gebou Markant oan de Marwei yn Jistrum wie foarhinne de grifformearde tsjerke en is tsjintwurdich it ferieningsgebou fan de protestanske gemeente fan it doarp.
Markant | ||
bouwurk | ||
De eardere grifformearde tsjerke fan Jistrum | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Jistrum | |
adres | Marwei 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Oarspronklik in tsjerke, tsjintwurdich tsjerklik ferieningsgebou | |
boujier | 1897 | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeIt tsjerkje waard yn 1897 boud foar de grifformearde gemeente fan Jistrum. Letter waard it in Samen op Weg-tsjerke. Op 15 jannewaris 2006 waard yn de grifformearde tsjerke foar it lêst in reguliere tsjinst holden. Dêrnei fûn in grutte ferbouwing plak. It tsjerkje waard ferboud ta it nije ferieningshûs foar de protestanske tsjerke fan Jistrum. Alles waard der út sloopt, útsein de preekstoel.
Yn de tiid dat de doarpstsjerke restaurearre waard, tsjinne it ferboude ferieningshûs wer tydlik as tsjerke. En wannear't foar bysûndere tsjinsten de doarpstsjerke ûnfoldwaande kapasiteit biedt, kin "Markant" ek noch as tsjerke tsjinje.[1]
Oargel
bewurkje seksjeIt monumintale oargel yn de grifformearde tsjerke waard troch Bakker & Timmenga demontearre, restaurearre en dêrnei wer opboud yn de renovearre doarpstsjerke. It oargel, dat yn 1936 troch de grifformearden oankocht wie, heart ta de tsien âldste oargels fan Fryslân en datearret út 1710-1720.[2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|