Marken (eilân)

(Trochferwiisd fan Marken (Markermar))

Marken (Markersk: Mereke) is in earder eilân yn de Sudersee, dat tsjintwurdich yn 'e dernei ferneamde Markermar leit. Sûnt 1957 is Marken mei de fêste wâl ferbûn troch in dyk. Oant 1991 wie it in selsstannige gemeente yn 'e provinsje Noard-Hollân, mar sûnt makket it ûnderdiel út fan de gemeente Wetterlân. Marken is ek de namme fan it ienichste doarp op it eilân, der wenje 1846 minsken (yn 2004) op Marken. It eilân leit foar de kust by Mûntsjedam.

Marken is yn it grien oanjûn.
 
Ien fan de terpen op Marken.

Yn de 13e iuw fêstigen har muontsen fan it Kleaster Mariëngaard út Fryslân op it eilân, dy't de úthôf Mariënhôf bouden. De ferneamdste middels fan bestean wienen lânbou en feefokkerij. Om har te beskermjen tsjin it wetter waarden diken oanlein om it eilân en waarden de wennings op terpen boud. Yn de 14e iuw wienen der geregeldwei dyktrochbrekken. De ynwenners fan Marken leinen har ta op fiskerij. De oanlis fan de Ofslútdyk yn 1932 betsjutte de ein fan dy boarne fan ynkomsten.

By de wettersneed fan 1916 kamen der 16 minsken om it libben op it eilân en waarden tal fan minsken dakleas.

Op 17 oktober 1957 waard om 13.11 oere de dyk tusken it fêstelân en Marken tichtmakke.

Plakken op Marken

bewurkje seksje

Eins bestiet Marken út mar ien plak, dat ek de namme Marken hat. Dochs binne der ek inkele buorskippen op it eilân. Earder leinen se ek los fan elkoar, mar guon binne al oan elkoar fêst groeid, bygelyks de Havenbuert, Tsjerkebuert en Kets.

Oare buorskippen op it eilân binnen:

  • Grotewerf
  • Moeniswerf
  • Rozewerf
  • Wittewerf

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
In loftfoto fan Marken. Midden op it eilân is it Goudriaankanaal goed te sjen.

Al mear as in iuw komme der in protte toeristen nei it doarp. Benammen de opfallende dracht op it eilân is dêr in reden fan. Karakteristyk binne de houten huzen op peallen. Noch âlder binne de saneamde werven (terpen). De haadstrjitte fan Marken is de Tsjerkebuert.

In opfallend lânskipsbyld is it Goudriaankanaal. Dat kanaal is tusken 1826 en 1828 oanlein, mar nea yn gebrûk naam. It kanaal, dat in strategyske ferbining foarmje moast tusken Amsterdam en de Sudersee, snie Marken midstwa. Nei 1828 slibbe it kanaal ticht en waarden parten tichtsmiten. Tsjintwurdich is der yn it easten fan it eilân noch in lyts part fan it kanaal oer. It grutte parkearplak en it âlde jiskelân lizze oer it spoar fan it kanaal.

Ferneamd op Marken is de fjoertoer fan Marken, dy't ek wol it Paard van Marken neamd wurdt. De toer stiet oan de uterste eastkant fan Marken.

Oan de westkant fan Marken leit de haven fan Marken.

 
De haven fan Marken.

Marken hat 145 ynskriuwings yn it ryksmonuminteregister. Dêrûnder de fjoertoer, de twa tsjerken fan it eilân en mear as hûndert huzen.

Marken kin mei in fearboat út Folendam berikt wurde. De Gouwsee is de namme fan it wetter tusken Marken en Noard-Hollân.

 
Bern yn dracht om 1900 hinne.

Troch in inkeling wurdt op Marken noch it pleatslike dialekt sprutsen, it Markensk. Mar de sprekkers fan dit dialekt binne fral minsken fan boppe de sechtich jier. Troch jongere ynwenners wurdt it dialekt amper sprutsen.

De ynwenners fan Marken hingje it meast it protestantsk leauwe oan. Der binne twa tsjerken op it eilân: fan de leauwigen is likernôch twa tredde lid fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en in tredde lid fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Beide tsjerken hearre ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Dat in protte minsken leauwich binne is ek werom te sjen yn de ferkiezingsútslaggen. It eilân wie earder in CHU-bolwurk en tsjintwurdich wurdt der in protte op it CDA stimd. By de lêste gemeenteriedsferkiezings yn 2006 krige it CDA op Marken 70.3 % fan de stimmen, ien fan de heechste persintaazjes fan it lân. By de Jeropeeske Ferkiezings fan 2009 wie dit noch mar 38,2%, de PVV krige 20,6% fan de stimmen en de VVD wie de tredde partij mei 9%.

 
De haven en de Tsjerkebuert om 1900 hinne.

Sûnder fergunning mei der net mei de auto riden wurde op Marken. Oan de ein fan de Krúsbaakwei, de dyk tusken Noard-Hollân en Marken, leit in parkearplak dêr’t de auto hinne set wurde kinne. Fan dêr ôf moat ferfier op in oare manier barre. Op Marken sels rinne der diken nei de Minnewei yn it noardeasten en nei de fjoertoer yn it easten.

Fan healwei maart oan en mei oktober is der in feartsjinst tusken Marken en Foalendam. De boat fart fan 11.00 oere oant 18.00 oere alle 30/45 minuten.

Berne op Marken

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje