Marloes Nijdam
Marloes Nijdam, faak Nydam (Assen, 1988), is in keunstneresse út Ketlik. [1]
Marloes Nijdam | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marloes Nijdam | |
berne | 1988 | |
berteplak | Assen | |
offisjele webside | ||
https://www.marloesnydam.com/ |
Jonkheit
bewurkje seksjeNijdam groeide op yn it Drintske Stieltjeskanaal by Coevorden. Nei it fwû oan De Nieuwe Veste yn Coevorden studearre se kommersjele ekonomy oan de Stenden Hegeskoalle Emmen. Dêrnei folgen stúdzjes grafyske foarmjouwing en fotografy. Mei in ôfmakke oplieding yn Kommersjele Ekonomy keas se yn earste ynstânsje foar in karriêre as marketeer. Yn 2021 sei se har baan by in fervebedriuw op en omearme it berop fan keunstner.
Yn 2020 ferhuze se mei har húshâlding fan Skoatterwâld yn It Hearrenfean nei Ketlik.[2]
Wurken
bewurkje seksjeFan jongs ôf oan skildere en tekene se, al yn har legere skoalletiid makke se akwarellen. Dat hie se net fan frjemd, want har pake skildere lânskippen en ek har beppe wie kreatyf. Nei in perioade fan eksperimintearjen mei stilen en metoaden ûntwikkele hja in eigen styl. Se wurdt fassinearre troch gesichten, ekspresje en in soad kleur. Leafst wurket se mei it paletmes dêr’t tsjokke lagen ferve mei oanbrocht wurde, sadat it wurk struktuer kriget. It paletmes waard foar har in stik ûnmisber ark, dêr’t tsjokke tekstueren mei makke wurde kinne dy't har skilderijen in taastbere diminsje jouwe.[3] Neist it brûken fan denim as rau materiaal, brûkt hja ek blêdgoud, koperfoly en roasteffekten yn har wurken.[4] Dêrtroch krijt har wurk in djoere útstrieling.
Marloes Nijdam makket grutte kanvaswurken fanút har atelier yn Ketlik. Se hat froulju as muze en skilderet benammen frouljusportretten. Har kleurrike wurken toane faak ekspressive gesichten, mar ek bysûndere bisten. De ôfbylde froulju strielje tagelyk kwetsberens en krêft út. Hja sjocht har wurk as in tsjinhinger fan hurde, manlike enerzjy, dêr't al genôch fan is yn 'e wrâld. Foar har fielt elk skilderij as in earbetoan oan 'e frou. Mei har kolleksje ‘City Love’ brûkt se de rauheid fan de stêd as tsjinstelling ta de skientme fan froulju.
Sterren op het doek
bewurkje seksjeYn desimber 2024 wûn Nijdam de ôflevering fan it telefyzjeprogramma ‘Sterren op het Doek’. De ûntbleating fan de skilderijen wie yn it Ryksmuseum Amsterdam. [5] Ut trije portretten keas sjonger en akteur Jim Bakkum it portret fan Nydam om mei nei hûs ta te nimmen. Bakkum motivearre syn kar mei: Haar portret voelt alsof het mij uitnodigt om steeds opnieuw te kijken en telkens iets nieuws te ontdekken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|