Marten Klasema (Drachten, 12 maaie 1912 - Leersum, 1 novimber 1974) wie in Nederlânsk atleet en haad fan de tsjinst Suderseewurken.

Marten Klasema
sporter
Marten Klasema (1968)
Marten Klasema (1968)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 12 maaie 1912
berteplak Drachten
stjerdatum 1 novimber 1974
stjerplak Leersum
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel fierspringe
hink-stap-springe
O.S. Berlyn 1936

Nei de HBS yn syn berteplak gie er nei Delft om dêr oan de Technyske Hegeskoalle wetterbou te studearjen. Nei syn stúdzje kaam er yn 1937 yn tsjinst by it 'waterloopkundig laboratorium' yn Delft. In jier letter kaam er yn tsjinst by de ôfdieling dikenbou fan de Suderseewurken.

Fia haad fan de ôfdieling dikenbou (1956), haadyngenieur-direkteur, haad fan de ôfdieling Ynrjochting Iselmarpolders, waard er yn 1967 beneamd ta haad fan de tsjinst Suderseewurken. Marten Klasema is ferstoarn op 1 novimber 1974 oan de gefolgen fan kanker. Hy waard begroeven yn Drachten.

Foar syn grutte fertsjinsten yn binnen- en bûtenlân waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en kommandeur yn de Oarder fan de Liuw fan Finlân. In Lelystêd stiet de Ir. M. Klasemabeam; de wylch set yn 1950, is de âldste beam fan de provinsje.

Klasema wie in echte sportman. Yn syn berteplak spile er yn it alvetal fan de fuotbalklub 'Drachten', yn syn studintetiid makke er diel út fan it alvetal fan 'Concordia' yn Delft. Foar de Olympyske Spullen fan 1936 yn Berlyn waard er opnommen yn de seleksjeploech atletyk. Marten Klasema ried de Alvestêdetocht fjouwer kear. Marten Klasema ferstoar op 1 novimber 1974 yn de âldens fan 62 jier.

Persoanlike rekords

bewurkje seksje
Underdiel Prestaasje Datum Plak
fierspringe 7,285 m 1936
heechspringe 1,83 m 1933
hink-stap-springe 14,55 m 6 augustus 1936 Berlyn

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: