Grut-Terherne

(Trochferwiisd fan Martenastate (Bitgum))

Grut-Terherne (ek wol: Martena State) wie eartiids in yndruk meitsjende state dy't krekt bûten Bitgum stie oan de súdkant fan de wei nei Marsum. De state is yn 1879 ôfbrutsen.

Grut Terherne
Grut Terherne troch Nicolaas Ypeij yn 1736
Grut Terherne troch Nicolaas Ypeij yn 1736
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Bitgum
koördinaten 53° 14' N 5° 42' E
Skiednis
stiftingsjier 1496 (earste fermelding)
ferneatiging 1879
Kaart
Grut-Terherne (Fryslân)
Grut-Terherne
 
Grut Terherne yn 1869, tsien jier foar de ôfbraak

Ien fan de earste eigeners fan de state is Hessel Sytzes Martena, nei wa't de state ek neamd is. Yn 1496 wurdt it nei in koarte belegering ynnomd troch Ljouwerter Fetkeapers dy't it stee ferfolgens folslein ôfbrutsen. Troch Hessel wurdt de state letter opnij wer opbouwe. As Hessel by in reis nei Jeruzalim op Rodos stjert, ervet syn dochter Lucia de state. Hja troude mei Frederick von Grombach, in ealman út Dútslân, dy't tegearre mei Keizer Karel V nei Nederlân komd wie. Maria, de dochter fan Lucia ervet de state dan, en hja boasket mei Johann Onuphrius zu Schwarzenberg und Hohenlansberg. Maria von Grombach stjert yn 1564 en har man tweintich jier letter. Harren soan Georg Wolfgang ervet Terherne State. Oant 1868 bliuwt er yn besit fan it neigeslacht fan Georg.

Georg Wolfgang Carel Duco baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg is nei 1868 eigener fan de state at syn heit ferstoarn is. Syn heit ûntfong de Prins fan Oranje en kening Willem III doe't dyen de tunen fan Terherne State kamen te besjen. Yn de jierren dêrnei giet it ekonomysk min. De ynkomsten út oerheids- en ferskate oare bestjoersfunksjes rinne tebek. Ek blykt de ferdieling fan it grûnbesit ûnder de fjouwer soannen net geunstich wat de finânsjes fan de state oanbelanget. Yn 1864 is de bibleteek ferkocht, en acht en fyftjin jier letter waarden der beammen ferkocht. Mar de ynstânhâlding fan de state blykt ûnmooglik. Yn 1879 wurdt de state foar ôfbraak ferkocht en sloopt. It park waard ta in greide makke.

It slot Grut Terherne wie út it wetter wei opboud op grutte kelders en telde fiif bastions. Om it slot hinne leine prachtige hôven en singels. En in hertekamp en oranzjery mei in soad gewaaksen. Der hearde sa'n 400 à 500 hektare lân by. In grut part dêrfan wie bosk. De plante- en blommesamling wie sa bekend dat sels de soan fan kening Willem III mei syn gûverneur delkaam om dat ris te besjen. Doe it slot ôfbrutsen waard, wiene de famylje Schwartzenberg de lêste bewenners. It oerwurk út de slotstoer is yn Wier bedarre, de twa bylden op de homeie yn it Frysk Museum.

 
De homeie fan it eardere slot Grut Terherne yn 2005, is no de tagong ta de sportfjilden fan Bitgum en Bitgummole

De famylje Schwartzenberg hat noch altyd in grêfkelder op it hôf yn Bitgum. De lêste kear dat dêr in Schwartzenberger byset is, wie yn it begjin fan de 21e iuw. Ek yn de tsjerke sels is in grêfkelder dêr't guon fan har byset binne oant salang dat mocht. Der stiet no (2007) noch ien kiste yn dy kelder. Wat der by de restauraasje fan de tsjerke noch oer wie fan de stoflike resten fan de eardere bysetten sit dêr no yn. Dy kelder is inkeldris op bysûndere dagen iepen en te besjen.

Tsjintwurdich is allinnich oan de tagong fan de sportfjilden noch te sjen dat der earder in slot stien hat. Gâns foto- en yllustraasjemateriaal fan it eardere slot en syn bewenners is te finen op Aldfaers Erf Bitgum.