Martin Brozius
Martin Brozius (Hoarn, 4 novimber 1941 - Amsterdam, 24 maart 2009) wie in Nederlâns akteur, presintator en kabaretier.
Libben en wurk
bewurkje seksjeBrozius waard nei de skieding fan syn âlden yn in Katolyk weeshûs ûnderbrocht. Nei in stik as wat jierren by de nonnen trochbrocht te hawwen kaam er werom by syn mem, dy't in snackbar iepene. Brozius wurke dêr fan syn fjirtjinde ôf, neidat er fan skoalle stjoerd wie. Doe't er sechtsjin wie gie er fan hûs en gie oan it wurk op merken dêr't er lotsjes ferkocht. Dêrnei gie er nei Amsterdam, nei de toanielskoalle.
Nei de toanielakademy wurke Brozius yn kabaret- en musicalfoarstellingen, ûnder oaren De Kleine Parade (rol fan Van Naeldwijck) fan Wim Sonneveld en No, No Nanette.
Yn 1968 hie Brozius syn telefyzjedebút yn de bernesearje Oebele (neist sjonger Rob de Nijs); twa jier letter hie er in gastrol yn de NCRV-rige De Kleine Waarheid. Yn dy snuorje wurke er ek mei kollega's sa as Joop Doderer, Jeroen Krabbé en Bueno de Mesquita. Ek yn dy tiid naam er in tal platen op.
Brozius waard bekend mei de rol fan Aernout Koffij yn de telefyzjerige Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?; in searje dêr't in grut tal doetiids bekende akteurs oan mei die, sa as Rob de Nijs dy't Brozius noch koe fan de Kleinkunstacademie en Loeki Knol.
Nei Hamelen waard Brozius troch Beppie Nooij frege om foar it Amsterdamsk Folkstoaniel te spyljen en waard er troch Jan Keja útnûge om it bernespulprogramma Ren je Rot te presintearjen. Teffens presintearre er yn dy tiid it radioprogramma De tien om kindershow, in kwisprogramma dêr't bern út groep 8 (doe 6e klasse) yn holpen waarden troch harren pakes.
Ein jierren '80 krige Brozius swierrichheden mei de belestingtsjinst en moast er it grutste part fan syn besit ferkeapje.
Martin Brozius, dy't al in skoft te lijen hie fan sûkersykte, stoar ein maart 2009 mei 67 jier yn in sikehûs te Amsterdam.[1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|