Abraham Bueno de Mesquita
Abraham (Appie) Bueno de Mesquita (Amsterdam, 23 july 1918 – Lelystêd, 19 augustus 2005), meast yn 't koart Bueno de Mesquita of Bueno neamd, wie in Nederlânske komyk en akteur fan joadsk komôf.
Abraham Bueno de Mesquita | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 july 1918 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 19 augustus 2005 | |
stjerplak | Lelystêd | |
jierren aktyf | 1959-1980 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeYn de Twadde Wrâldoarloch bedarre Bueno de Mesquita yn it trochgongskamp fan Kazerne Dossin yn it Belgyske Mechelen. Doe't de SS-kommandant muzikanten socht, melde Bueno de Mesquita him oan. Sadwaande ûntkaam er oan deportaasje nei konsintraasjekamp Auschwitz.
Bueno de Mesquita wurke as bandparodist en as muzikant, ûnder oare yn it orkest fan Malando en by The Skymasters. Mei ûnder oaren Rudi Carrell, Rita Corita en André van Duin wurke er op as komyk; fan 1968 ôf by Carrell yn Dútslân. As akteur hie er ûnder mear in rol yn de telefyzjerige Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?.
Bueno de Mesquita stoar yn de âldens fan 87 jier oan de gefolgen fan longkanker en in harsenstumor.
Filmografy
bewurkje seksje- 1964 - Spuit Elf (film)
- 1976 - De radiodroom
- 1977 - In Tirol gaat de ontucht nooit verloren
- 1978 - De Tiroler sex-expres
- 1979 - Himmel, Scheich und Wolkenbruch
- 1980/1981 - Dag '80, hallo '81
- Abraham Bueno de Mesquita: "Cello met een snaar; mijn levensverhaal" (ISBN 90-513-2017-5)
Underskiedingen
bewurkje seksje- Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau (2003)
- Ambassadeur fan de gemeente Lelystêd
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|