Martinus-Willibrordustsjerke (Sappemeer)

De Martinus-Willibrordustsjerke is in 19e-iuwsk tsjerkegebou yn it Grinslânske plak Sappemeer.

HH. Martinus-Willibrordustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Hegesân-Sappemeer
plak Sappemeer
adres Noarderstrjitte 152
koördinaten 53° 9' N 6° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Martinus fan Tours,
Sint-Willibrord
Arsjitektuer
boujier 1872-1873
boustyl neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22268
Webside
Side 'Hillige Norbertusparochy'
Kaart
Martinus-Willibrordustsjerke (Grinslân)
Martinus-Willibrordustsjerke

De roomske mienskip fan Hoogezand en Sappemeer tsjerken sûnt begjin 1700 yn it buorskip Kleinemeer. Yn 1855 waard de staasje offisjeel in parochy, dy't nei de apostel Willibrordus ferneamd waard. Yn 1865 waard in stik lân kocht foar in nije tsjerke. Pierre Cuypers makke yn 1866 in ûntwerp, mar moast dat twa kear oanpasse yn in lytser en suniger ûntwerp.

 
Ynterieur

It neogoatyske ûntwerp fan 1871 waard goedkard en tusken 1872 en 1873 útfierd. Cuyper's earste ûntwerp waard lang om let brûkt foar de bou fan 'e Blauhúster Sint-Fitustsjerke.

By de swiere novimberstoarm fan 13 novimber 1972 waaide de spits fan 'e toer. Dêrmei gyng it oargel ferlern. In nije spits waard yn augustus 1973 wer op 'e toer set. Sûnt 1976 is de Willibrordustsjerke in ryksmonumint.

De parochy fusearre yn 1990 mei de parochy fan Foksham ta de Martinus-Willibrordusparochy. Fan 'e katolike tsjerke fan Foksham waarden in pear glês-yn-leadramen oernommen.

Tusken 1994 en 2012 waard de tsjerke restaurearre en waarden de muorreskilderings en it fykwurk yn 'e tsjerke opholpen. Yn 2014 fusearre de parochy op 'e nij mei de parochy's fan de Pekela's, Veendam en Winschoten ta de Hillige Norbertusparochy.

Oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke stiet by it tsjerkhôf in Hillich-Hertbyld fan August Falise út 1924.

De tsjerke is in trijeskippige neogoatyske pseudobasilyk sûnder transept mei puntgevels op de sydbeuktraveeën.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: