Martlers fan Gorkumtsjerke (Rotterdam)

De Martlers fan Gorkumtsjerke oan it Stieltjesplein, by Rotterdammers benammen bekend as de Stieltjestsjerke, wie in grutte roomsk-katolike tsjerke yn Rotterdam-Sud. De tsjerke waard yn 1886 ynwijd en yn 1976 fanwegen de tebekrinnende tsjerkegong ôfbrutsen.

Martlers fan Gorkumtsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Stieltjesplein
koördinaten 51° 54' N 4° 29' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rotterdam
patroanhillige Martlers fan Gorkum
Arsjitektuer
arsjitekt Johannes Kayser
boujier 1885-1886
sloopjier 1976
Kaart
Martlers fan Gorkumtsjerke (Rotterdam-Sintrum)
Martlers fan Gorkumtsjerke

Troch de groei fan 'e stêd yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard op 'e súdlike kant fan de Maas de wyk Feijenoord boud. In grut part fan 'e nije befolking wie roomsk en kaam út Seelân, mar fral út it noardwestlike diel fan Noard-Brabân. Foar de katoliken waard tusken 1875 en 1876 ynearsten in needtsjerke boud troch de sosjaal ynstelde pastoar Ludovicus Gompertz (1875-1890).

 
Ynterieur Stieltjestsjerke

Tusken 1885 en 1886 folge oan it Stieltjesplein de bou fan in monumintale stiennen tsjerke. It ûntwerp fan de trijeskippige krústsjerke yn neogoatyske styl wie ôfkomstich fan de arsjitekt Johannes Kayser. De tsjerke krige in toer oan 'e foarkant mei in hege spits. Op 12 july 1886 waard de tsjerke ynwijd en opdroegen oan de Martlers fan Gorkum.

Nei de Twadde Wrâldkriich rûn it tal parochianen tebek. De parochy fusearre mei de Hillige Trije-ienheidparochy en gyng dêr lang om let hielendal yn op. De Stieltjestsjerke waard sletten en yn 1976 ôfbrutsen. Op it plak kaam letter in bejaardehûs te stean.

It Museum Rotterdam bewarret twa doarren fan de tagong, in tal glês-yn-leadramen, in boufragmint mei reliëfs fan ferskillende profeten en in tal fliertegels.[1] It oerwurk fan 'e tsjerke stiet tsjintwurdich op it Vredesplein yn in glêzen hokje om it tsjin fandalisme te beskermjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: