Mary Patricia McAleese, berne 'Mary Patricia Leneghan' (Belfast, Noard-Ierlân, 27 juny 1951) wie fan 10 novimber 1997 oant 10 novimber 2011 de achtste presidint van Ierland (Uachtarán na hÉireann).

Mary McAleese, 2003

Sy studearre oan Queen's University Belfast, en it Trinity College Dublin. Sy is as juriste registrearre sawol yn Noard-Ierlân as yn Ierlân. Yn 1975 waard hja Reid Professor of Criminal Law, Criminology and Penology oan het Trinity Kolleezje Dublin as opfolger fan Mary Robinson. Destiids krewearre hja as advokaat foar it út it wetboek fan strafrjocht heljen fan homoseksualiteit. Yn 1979 waard hja sjoernalist en presintatrise by de nasjonale telefyzje- en radio-omrop RTÉ oan it wurk. 1981 sie se werom nei har Reid Professorskip, mar bleau de fjouwer jier dêrnei dieltiidwurker foar RTÉ. Teffens wie hja lid fan de Episkopaldelegaasje fan de Roomsk-katolike Tsjerke yn it New Ireland Forum yn 1984 en lid fan de delegaasje fan de RK-tsjerke yn de noardlike kommissy dy't oer kontroversjeledie parades debattearre yn 1996.

Yn 1997 fersloech McAleese ex-Taoiseach (premier) Albert Reynolds yn de ferkiezing foar de Fianna Fáil-kandidatuer foar it presidintskip. Op 11 novimber 1997 waard hja ynstallearre as de achtste presidint fan Ierlân. It wie de earste kear yn de wrâldskiednis dat in frou in oare frou as presidint opfolge.

Yn 2004 werd de amtstermyn fan McAleese automatysk mei 7 jier ferlinge, omdat der gjin tsjinkandidaten wienen. Novimber 2011 waard sy opfolge troch politikus, dichter en skriuwer Michael D. Higgins.

McAleese is fan Noard-Iersk komôf dat sy komt dêr noch faak; beide politieke groepen ferwolkomje har waarm. Sy bewûnderet Keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk. Febrewaris 2004 hat se Prinses Anne yn Dublin ûntfongen by in offisjele steatsbesite.

Maaie 2004 ûntfong hja, as presidint fan it lân dat doe foarsitter fan de Europeeske Uny wie, tegearre mei taoiseach Bertie Ahern de ûffurdigen fan de lannen fan de Uny om de nije Unyleden wolkom te hjitten. De lannen dy't har doe oanleaten wiene Cyprus, Tsjechje, Estlân, Hongarije, Letlân, Litouwen, Malta, Poalen, Slowakije, Sloveenje.