Mary Opeloge
Mary Opeloge (Motootua, 24 jannewaris 1992) is in Samoaansk gewichthefster.
Mary Opeloge | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mary Opeloge | |
nasjonaliteit | Samoaansk | |
bertedatum | 24 jannewaris 1992 | |
berteplak | Motootua (Samoä) | |
etnisiteit | Samoaansk | |
gewicht | 74 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | gewichtheffen | |
ûnderdiel | < 75 kg | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeOpeloge waard yn 1992 berne yn Motootua, op Samoä. Hja is de jongere suster fan 'e bruorren Ele Opeloge en Niusila Opeloge, dy't krekt as harsels gewichtheffers binne, en dy't beiden in goudene medalje wûnen op 'e Mienebêstspullen fan 2014. Dêropta binne der noch twa oare bruorren, dy't ek oan gewichtheffen dogge.
Mary Opeloge naam diel oan it gewichtheffen foar froulju yn 'e kategory ûnder de 75 kg op 'e Mienebêstspullen fan 2014 yn it Skotske Glasgow. Dêrby wûn se in sulverne medalje. Op 'e Oseänyske kampioenskip gewichtheffen fan 2016, yn 'e Fidzjiaanske haadstêd Suva, wûn se in gouden medalje. Letter dat jiers kaam Opeloge foar har heitelân Samoä út op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |