Maskeribis
De maskeribis (Phimosus infuscatus) is de iennige fûgelsoarte út it skaai Súdamerikaanske ibissen (Phimosus) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1823 troch Lichtenstein publisearre.
Maskeribis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phimosus infuscatus | ||||||||||||
Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe maskeribis liket mei syn swarte fearrekleed op 'e stikelsturtibis, mar is mei 46 oant 55 sm lengte lytser en hat ek in koartere sturt. Om 'e snaffel en it each is de hûd sûnder fearren en read. De fûgel hat in donker giele snaffel en readeftige poaten. Mantsje en wyfkes en ek juvenilen binne allyk. De ûndersoarten ûnderskiede harren yn 'e mjitte fan it reade maskerfjild en it each en de glâns fan 'e fearren.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe soarte komt yn in grut part fan Súd-Amearika eastlik fan 'e Andes foar en bestiet út trije ûndersoarten:
- Phimosus infuscatus berlepschi: noardlik Súd-Amearika.
- Phimosus infuscatus nudifrons: sintraal en súdlik Brazylje.
- Phimosus infuscatus infuscatus: fan eastlik Bolivia oant Paraguay, Oerûguay en sintraal Argentynje.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe maskeribis briedt yn beamkeguod en jout de foarkar oan tichte fegetaasje yn 'e buert fan wetter. De nêsten wurde meast yn koloanjes fan fiif oant santich pearkes boud. It lechsel bestiet út trije oant fjouwer aaien. It brieden duorren 21 oant 23 dagen en de jongen fleane nei 27 oant 30 dagen út.
Iten
bewurkje seksjeDe maskeribis yt wjirms, moksels, skaaldieren, grutte ynsekten, slakken en somtiden ek sied en blêd.
Status
bewurkje seksjeDe soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet, de populaasje liket stabyl en it oantal fûgels is grut. Om dy redenen wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Andean ibis (ferzje 12 juny 2024)
|