De mastodonten (Mammutidae) wiene in famylje fan de slurfdieren. 'Mastodon' is de Ingelske namme foar dit bist.

Mastodont ferbylde troch in keunstner

De skouderhichte fan in mastodont koe wol 3 meter wêze. Der wiene ferskate soarten, soarten mei 2 slachtosken mar ek guonts mei 4 slachtosken. Mastodonten berikten harren bloeitiid yn it jonge Tertiêr. De mastodont wie net nau besibbe oan de oaljefant en de mammoet (skaai Mammuthus), mar like der wol op. Mastodonten ûntstienen wierskynlik sa'n 20 oant 30 miljoen jier lyn yn Afrika. Yn it Egypte fan no binne fossile oerbliuwsels fan mastodonten fûn, krektas yn Bolivia, Ingelân, Dútslân, Nederlân, Noard-Amearika en Roemeenje.[1]

 
Mastodontskelet
 
De tekst jout de ferskillen tusken mastodont en mammoet

Mammoet fergelike mei de mastodont

bewurkje seksje

De âldste fossilen fan mammoeten datearje út it Plioseen en binne 3 à 4 miljoen jier âld. Mammoeten hienen kiezen dy't gaadlik wienen foar it iten fan gers, mastodonten mear foar blêden en oare planten. Mammoeten hienen twa fingereftige útsteksels oan de foar- en efterkant fan de útein fan de slurf; fan mastodonten is net bekend hoedat harren slurf derút seach. Mammoeten hienen in fan foaren nei efteren sterk ôfrinnende rêch, mear as mastodonten. Mammoeten hienen 19 pear ribben, lykas de moderne Afrikaanske oaljefanten; mastodonten hienen der 20. De mammoet hie in frijwat brede kop mei in inkelde bult derop, krekt as in Afrikaanske oaljefant. Mastodonten hienen slachtosken fan fergelykbere foarm as Afrikaanske oaljefanten; by mammoeten koenen dy folle langer wurde en wienen sy krûmer. Sawol mastodonten as mammoeten kamen yn Noard-Amearika foar, oant sa'n 9000 jier lyn.

Libbensgebiet

bewurkje seksje

Wylst de mammoet de steppen en gerslannen opsocht, hie de mastodont in foarkar foar de mear smoute seamen fan wâlden. De Amerikaanske mastodont (Mammut americanum) libbe yn it Lette-Pleistoseen (40.000-10.000 jier lyn) yn Noard-Amerika; oft er troch de minske, doe't dy dêr foar 't earst kaam, útrûge waard, sa't guonts hawwe wolle, is net wis. Dizze soarte is it bêst dokumintearre.

Amerikaansk ûndersyk hat útwiisd dat der fûl fjochte waard tusken dizze bisten, dy't earder as freedsume plante-iters beskôge waarden. Guon fan de ûndersochte bisten moasten belies jaan, sa't konkludearre wurde kin út de fynst fan ferbrizele dielen fan de plasse.[2]

Ferstienne ivoar

bewurkje seksje

Fan de slachtosken fan de mastodonten wurdt faak it oerbliuwsel odontolyt fûn; in blau (of syaan) mineraal dat koper befettet. It wurd odontolyt is ôflaat fan de Grykske wurden odon en lithos; "tosk" en "stien ". It is fossilisearre (ferstienne) ivoar, fan mastodonten of mammoeten. Odontolyt hat een organyske oarsprong, en faak is noch in organyske struktuer te sjen. Oare mineralen as apatyt en kalsyt kinne yn 't plak fan it ivoar kaam wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2.5 million-year-old mastodon unearthed in Romania
  2. Algemeen Dagblad; 21 oktober 2003 - Oer it gedrach fan mastodonten
  • Nederlânsktalige Wikipedia
  • Ingelsktalige Wikipedia