Matrona Nikonova
Matrona Dmitrjevna Nikonova (Russysk: Матро́на Дими́триевна Ни́конова; berne op 22 novimber 1881 of neffens oare boarnen 1885 yn Sebino - ferstoarn op 2 maaie 1952 yn Moskou), ek bekend as Matrona fan Moskou, is in hillige fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Al fan iere âldens ôf soe hja de jeften hân ha om te profetearjen en te genêzen.
Matrona Dmitrjevna Nikonova | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 22 novimber 1881 | |
berteplak | Sebino (provinsje Tûla), Russyske Ryk | |
stjerdatum | 2 maaie 1952 | |
stjerplak | Moskou | |
etnisiteit | Russysk | |
hillichferklearring | ||
hillich ferkl. | 1999 | |
fereare troch | Russyk-Otterdokske Tsjerke | |
hjeldei | 2 maaie | |
attributen | Matrona fan Moskou wurdt ornaris ôbylde mei sletten eagen |
Libben
bewurkje seksjeMatrona waard berne as dochter fan Dmitry en Natalia Nikonov yn Sebino yn de oblast Tûla. Hja wie it fjirde bern yn in hûshâlding dy't yn grutte earmoed libbe. Matrona waard blyn berne mei sletten eagen. Har âlden woene har ynearsten mar nei in weeshûs bringe om't se de einen net mear oan inoar knoopje koene, mar de mem feroare fan gedachten nei't se dreamde oer in wite fûgel mei it gesicht fan in minske sûnder eagen, dy't op har boarst delkaam. De mem seach de dream as in himelsk teken. Neffens de oerlevering krige Matrona doe't se sân of acht waard, al profesijen en de krêft om minsken better te meitsjen. Sûnt har 14e hie se lamme fuotten en as bern waard se in soad narre fan oare bern.
Doe't se yn 'e âldens fan fjirtjin yn it fermidden fan in grutte kliber de ferneamde Jehannes fan Kronstadt woe sjen, frege dy oan de minsken oan de kant te gean om romte te meitsjen foar it jonge famke sadat se by him komme koe. Doe't hja Jehannes fan Kronstadt benei kaam, rôp er "Hjir is myn opfolger, de achtste pylder fan Ruslân".
Revolúsje
bewurkje seksjeNei de Russyske Revolúsje fan 1917 rekke Matrona tegearre mei har freondinne Lydia Jakova har hûs kwyt. Se ferlieten harren doarpen om wurk en iten te sykjen yn de grutte stêd. Matrona ferhûze yn 1925 nei Moskou, mooglik har twa bruorren efternei. Dêr swalke se sûnder fêst adres fan de iene nei de oare, socht ûnderdak by freonen en famylje yn huzen, apparteminten en kelders. By har twa bruorren bliuwe, koe net want beide wiene bolsjewyk woarn, mar Matrona bleau trou oan har otterdokse leauwe.
Ek yn de tiid fan de swiere ferfolgings fan tsjerke en religy bleau Matrona temûk minsken advizen en help jaan. Hja warskôge yn 1940 immen dat der kriich mei Dútslân kaam en sei dat der in soad minsken stjerre soene, mar ek dat Ruslân de oerwinning wachte en dat Moskou op wat brannen nei sparre wurde soe.
Matrona liede in asketysk bestean. Har libben wie dreech mei in soad pine. Se slepte mar in bytsje en die in soad oan it fêstjen. Om't se sa'n soad krústekens sloech hie se op har foarholle in lyts dûkje.
Matrona soe ek har eigen dea trije dagen tefoarren foarsein hawwe. Yn dy lêste trije dagen holp se elk noch dy't by har kaam. Nei har dea yn 1952 waard har grêf op it begraafplak fan it Danilov-kleaster fuortendaliks in beafeartsplak.
Op 2 maaie 1999 waard Matrona hillich ferklearre as in lokaal respektearre hillige fan it bisdom. De algemiene hillichferklearring folge yn oktober 2004.
De resten fan har binne opgroeven en wurde bewarre yn de Tsjerke fan de beskermjende Us-Leaffrouwe fan it Foarbeakleaster yn Moskou. De rigen minsken dy't har grêf in besyk bringe wolle, binne fakentiden lang en trije of fjouwer oeren wachtsjen om in koarte besite te bringen oan it grêf, foarmet gjin útsûndering. Yn 2014 waard yn har âldershûs yn Sebino in museum iepene.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|