Mattheus Bernard Hoogeveen

Mattheus Bernard Hoogeveen (Giteren, 28 septimber 1862 - Haarlim, 1941) wie in skoalmaster en betinker fan it lêsplankje aap-noot-mies. Troude yn Ljouwerteradiel op 10 maaie 1890 mei Sjoukje Boelstra (Ljouwert, 6 maaie 1871 - 27 april 1946), dochter fan Johannes Boelstra en Neeltje van der Werf.

Generaasjes binne grut wurden mei de lêsmetoade mei de lêsplanke aap-noot-mies. Hoogeveen wie fan 1888 oant 1895 haad fan de iepenbiere skoalle fan Stiens (1888 - 1894). It is frij wis dat Hoogeveen syn metoade útprobearre hat yn Stiens op syn soantsje. Yn 1894 waard er skoalhaad yn Dimter en noch letter direkteur fan in kweekskoalle yn Leien.

Letter is syn lêsrak mei meiwurking fan Hindericus Scheepstra, Jan Ligthart en de tekener Cornelis Jetses útwurke ta de lêsmetoade aap-noot-mies. Hoogeveen wie ek bekend as skriuwer fan lesboekjes foar it oanlearen fan it lêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: