Matthias Claudius


Matthias Claudius, skûlnamme Asmus, (Reinfeld (Holstein), 15 augustus 1740 - Hamburch, 21 jannewaris 1815) wie in Dútsk dichter en sjoernalist. Hy wie bekend als lyrysk dichter fan folkslieteftige, tige gefoelige fersen.

Matthias Claudius
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Asmus
nasjonaliteit Dútsk
berne 15 augustus 1740
berteplak Reinfeld
stoarn 21 jannewaris 1815 (74 jier)
stjerplak Hamburch
wurk
taal Dútsk

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Matthias Claudius wie de fjirde fan dûmny Matthias Claudius en syn twadde frou Maria út Reinfeld.

Hy folge it gymnasium yn Plön. Yn 1759 sette er út ein mei in stúdzje teology yn Jena; letter ek rjochten en bestjoerskunde. Hy helle lykwols gjin diploma en gie yn 1762 werom nei Reinfeld.

Claudius syn debút Tändeleyen und Erzählungen waard troch de kritisy ôfdien as in stilistysk ynkonsistinte imitaasje fan bekende gedichten.

Earste hannelingen

bewurkje seksje

Yn 1764/65 reizge Claudius as sekretaris fan greve Ulrich Adolph fan Holstein nei Kopenhagen en krige dêr kunde oan de dichter Friedrich Gottlieb Klopstock, dy't foarmjend foar syn fierdere literêre karriêre wie.

Fan 1768 oant 1770 wurke er as redakteur by de Hamburgischen-Addreß-Comptoir-Nachrichten yn Hamburch, dy't útjûn waarden troch Viktor Ludwig Klopstock, de broer fan Friedrich Gottlieb. Fia dat wurk kaam er yn kontakt mei de dichters Johann Gottfried Herder en Gotthold Ephraim Lessing. Claudius' wurk by de krante bestie foaral út it sammeljen fan beursberjochten en it meitsjen fan skipsmeldingen.

Der Wandsbecker Bothe

bewurkje seksje
 
It wapen fan Wandsbek
 
Tinkstien foar Matthias Claudius yn de Wandsbeker bosk

Yn jannewaris 1771 ferfear Matthias Claudius nei Wandsbek en waard dêr redakteur fan it hannelsblêd Der Wandsbecker Bothe, dat troch Heinrich Carl von Schimmelmann oprjochte waard. De Wandsbeker Bothe wie de earste Dútske folkskrante. Noch altyd hat it wapen fan Wandsbek de attributen fan in omreizgjende boade (hoed, stôk en tas).

Claudius foege gedichten en opstellen ta, en ûnder him waard de krante yn hiel Dútslân bekend. De krante ferskynde lykwols mar koart, fan 1771 oant 1775.

Yn 1772 boaske Claudius oan de doe 18 jier âlde Anna Rebekka Behn, dochter fan de pleatslike timmerman. It pear krige tolve bern.

Troch bemiddeling fan Herder waard Claudius yn 1776 redakteur fan de Hessen-Darmstädtischen privilegierten Landeszeitung, mar gie in jier letter al werom nei Wandsbek, omdat er him net fine koe yn de hiërargyske ferhâldingen yn Darmstadt.

Letter publisearre Claudius sels ûnder de namme Der Wandsbecker Bote. Yn syn gedichten en oerwegingen brûkte er it pseudonym Asmus. Syn finansjele tastân wie altiten ûnwis oant er fan 1785 ôf in honorarium fan de Deenske kroanprins Frederik krige; dy wie oertsjûge fan de literêre kwaliteiten fan Claudius. Yn 1788 besoarge Frederik him ek in oanstelling as accountant by de Schleswig-Holsteinischen Speciesbank yn Hamburch-Altona, dy't him fan in fêst ynkommen fersekere wylst it syn literêre wurk net beheinde; hy hoechde mar fjouwer kear it jier foar kontrôle fan de kwartaalrekkeningen yn Altona te ferskinen.

Lêste jierren

bewurkje seksje

Fanwegen de oarlochshannelingen yn de omkriten fan Hamburch (Frânske besetting), flechte Claudius yn 1813 nei Kiel en Lübeck. De lêste moannen fan syn libben wie er slim siik en wenne er by syn skoansoan Friedrich Perthes yn, de oprjochter fan de útjouwerij mei deselde namme, oan de Hamburger Jungfernstieg, dêr't er ek stoar.

Der Tod und das Mädchen waard troch komponist Franz Schubert yn 1817 op muzyk set en dat liet wie letter de basis foar it strykkwartet mei deselde namme.

Claudius syn sammele wurk waard publisearre ûnder de titel Asmus omnia sua secum portans, oder Sämtliche Werke des Wandsbecker Boten (8 dielen, 1775–1812; 13e edysje troch C. Redich, 2 dielen, 1902). Claudius syn biografy waard skreaun troch Wilhelm Herbst (4e ed., 1878). Teffens ferskynde M. Schneidereit, M. Claudius, seine Weltanschauung und Lebensweisheit (1898).

  • Der Tod und das Mädchen
  • Der Mensch („Empfangen und genähret“)
  • Christiane
  • Die Sternseherin Lise
  • Die Liebe
  • Der Tod
  • Ein Wiegenlied bei Mondschein zu singen
  • Täglich zu singen
  • Kriegslied: „'s ist Krieg!“
  • Der Frühling. Am ersten Maimorgen
  • An - als Ihm die - starb (Der Säemann säet den Samen)
  • Wir pflügen und wir streuen
  • Abendlied: Der Mond ist aufgegangen (opnaam yn Liedboek - zingen en bidden in huis en kerk (Lietboek 2013; liet 246b))
  • Im Winter
  • An meinen Sohn Johannes, 1799
  • Tändeleyen und Erzählungen, Reinfeld, 1762

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: