Maud fan Bruce (dochter fan Robert I)

Maud fan Bruce (Ingelsk: Maud Bruce; folút: Matilde fan Bruce, Ingelsk: Mathilda Bruce, Normandysk-Frânsk: Mathilde de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), 12 july 1303Fearn (Skotlân), 20 july 1353) wie in Skotske prinsesse en de âldste dochter út it twadde houlik fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Maud fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 12 july 1303
berteplak Kastiel fan Turnberry? (Skotlân)
stjerdatum 20 july 1353
stjerplak Fearn (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Skotsk
Iersk
Ingelsk
Normandysk

Oer Maud fan Bruce is net sa'n soad oerlevere. Hja waard yn 1303 berne as it earste bern út it houlik fan 'e Robert fan Bruce, greve fan Carrick, en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh. Sawol oan heite- as memmekant stamme hja út foarname Normandyske aadlike geslachten, mei dêropta Skotsk, Ingelsk en Iersk bloed. Maud kaam te wâld yn Carrick, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Har folute namme wie 'Matilde', mar yn 'e measte boarnen wurdt har ropnamme 'Maud' oanholden.

Doe't Maud trije jier wie, kaam har heit as Robert I op 'e Skotske troan. Se hie in trettjin jier jongere folle suster, Margareta, en in jongere broer, David II, mei wa't se mear as tweintich jier skeelde, en dy't nei it ferstjerren fan harren heit kening fan Skotlân waard. In twadde broer fan Maud, David syn twillingbroer, dy't fan Jan hiet, kaam al mei trije jier te ferstjerren. Maud hie ek in âldere healsuster, Marjorie, út har heite earste houlik mei Isabella fan Mar.

Maud troude op in ûnbekende datum mei in Thomas Isaac of Tomas fan Isaac, dy't fan lege adel wie. Hja krigen fjouwer bern:

Maud stoar yn 1353 yn in kleaster by Fearn, dêr't hja ek begroeven leit, yn 'e âlderdom fan fyftich jier.

Foarâlden fan Maud fan Bruce

bewurkje seksje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert I, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Cailean, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
10. Neil, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
5. Marjorie, grevinne fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
11. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Bethóc, grevinne fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
1. Maud fan Bruce
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Richard fan Burgh, 1e baron fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
12. Walter fan Burgh, 1e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Egidia fan Lacy, baronesse fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
6. Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Jan FitzGeoffrey
 
 
 
 
 
 
 
13. Isabella FitzJohn
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Isabella Bigod
 
 
 
 
 
 
 
3. Elizabeth fan Burgh, grevinne fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Hubert fan Burgh, 1e greve fan Kent
 
 
 
 
 
 
 
14. Jan fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Beätriks fan Warenne
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Willem III fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
15. Hawise fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Maud fan Peche
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: