Elizabeth fan Burgh

Elizabeth fan Burgh (Ingelsk en Normandysk-Frânsk: Elizabeth de Burgh; Down of Antrim (Ierlân), ±1284Cullen (Skotlân), 27 oktober 1327) wie in Midsiuwsk Anglo-Iersk ealfrouwe dy't fierhinne fan Normandysk komôf wie. Hja wie de dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, ien fan 'e machtichste Ierske eallju út dy tiid, en troude mei Robert de Bruce, dy't yn 1306 as Robert I kening fan Skotlân waard. Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch waard Elizabeth yn 1306 troch de Ingelsen oppakt en acht jier lang op ferskate plakken yn Ingelân finzen holden.

Elizabeth fan Burgh
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1284
berteplak Down / Antrim (Ierlân)
stjerdatum 27 oktober 1327
stjerplak Cullen (Skotlân)
dynasty Hûs Burke
Hûs Bruce (troch har houlik)
etnisiteit Normandysk
Ingelsk
Iersk
keninginne-gemalinne fan Skotlân
amtsperioade 13061327
frouwe-gemalinne fan Annandale
amtsperioade 13041312
grevinne-gemalinne fan Carrick
amtsperioade 1302 – ±1311
13181324

Jonge jierren

bewurkje seksje

Elizabeth waard omtrint 1284 berne yn it noarden fan Ierlân, nei alle gedachten earne yn 'e greefskippen Down of Antrim. Hja wie de dochter fan 'e Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster (1259-1326), ien fan 'e machtichste Anglo-Ierske eallju fan syn tiid, en dy syn frou (en efternicht) Margareta fan Burgh (†1304). Elizabeth har heit wie goed befreone wie mei de Ingelske kening Edwert I, dy't yn namme ek oer Ierlân regearre (hoewol't er yn grutte parten fan it lân mar kwealk wat yn 'e molke te krommeljen hie).

It wie nei alle gedachten oan it Ingelske Keninklik Hof, yn Londen, dat Elizabeth yn 'e kunde kaam mei Robert fan Bruce, greve fan Carrick, in Skotsk ealman fan Normandysk, Skotsk en Iersk etnysk komôf, dy't earder troud west hie mei Isabella fan Mar en út dat houlik in dochterke, Marjorie, hie. Elizabeth en Robert trouden yn 1302 te Writtle, yn Esseks, dat in besitting fan it Hûs Bruce wie. Elizabeth wie doe likernôch achttjin jier en skeelde tsien jier mei har brêgeman.

 
Elizabeth fan Burgh mei har man Robert de Bruce, op in tekening út 1562.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch liet Robert fan Bruce him op 27 maart 1306 útroppe ta kening fan Skotlân. Elizabeth waard by dyselde gelegenheid ta syn keninginne kroane. Mei dat dwaan sette Robert fan Bruce it iepentlik yn 'e kant tsjin Edwert I fan Ingelân, dy't himsels as de Skotske soeverein beskôge, en twa jier earder, mei de eksekúsje fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, miend hie de einoerwinning behelle te hawwen yn 'e striid om Skotlân.

Koart nei syn kroaning litte Robert mids juny 1306 in nederlaach yn 'e Slach by Methven, en yn augustus fan dat jier kamen de Ingelsen him suver oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie. Dat hy moast halje-trawalje de wyk nimme, wêrnei't er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk gie. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy ta. Dêrûnder wie net inkeld syn frou Elizabeth, mar ek syn jonge dochter Marjorie, syn susters Marije en Kristina en Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan.

Doe't it Kastiel fan Kildrummy troch de Ingelsen belegere waard, wiene de froulju twongen om te flechtsjen. Nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, waard harren selskip lykwols yn Tain finzen nommen troch de Ingelsen. Neil fan Bruce, dy't it kastiel langernôch ferdigene hie dat de froulju fuortkomme koene, waard terjochtsteld, en datselde lot trof de greve fan Atholl. De froulju sels waarden útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Marije fan Bruce en Isabella MacDuff waarden op befel fan Edwert I op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen, sadat se foar eltsenien te sjen wiene. Yn dy steat brochten de folgjende fjouwer jier troch.

Elizabeth waard ûnder in tige strange foarm fan hûsarrest pleatst dy't delkaam op iensume opsluting. Fan oktober 1306 oant july 1308 waard se fêstholden yn Burstwick-in-Holderness, yn Yorkshire, wêrnei't se oant maart 1312 trochbrocht yn 'e Abdij fan Bisham, in kleaster yn Berkshire. Dêrwei waard se ferhuze nei it Kastiel fan Windsor, dêr't se in healjier finzen holden waard, wêrnei't se yn oktober 1312 oerbrocht waard nei de Abdij fan Shaftesbury, yn Dorset. Wer in healjier letter, yn maart 1313, waard se ferpleatst nei de Abdij fan Barking, yn Esseks, dêr't se bleau oant se yn 'e hjerst fan 1314 oerbrocht waard nei York. Ein juny 1314 wie it Ingelske leger ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Bannockburn, wêrby't in protte Ingelske eallju troch de Skotten kriichsfinzen makke wiene. Sadwaande waarden der geandewei de simmer en it begjin fan 'e hjerst fan dat jier ûnderhannelings fierd oer in útwikseling fan finzenen. Foarôfgeande dêroan hie Elizabeth fan Burgh yn York in audiïnsje mei kening Edwert II fan Ingelân, oer de ynhâld wêrfan't fierders neat bekend is. Uteinlik waard hja yn novimber fia Carlisle nei de Skotske grins ta brocht en frijlitten.

 
De Abdij fan Dunfermline, it begraafplak fan Elizabeth fan Burgh.

Bern en ferstjerren

bewurkje seksje

Elizabeth skonk Robert I fan Skotlân fjouwer bern, wêrfan't ien jonkje al mei trije jier kaam te ferstjerren. Har dochters Maud (eins Matilde; 1303-1353) en Margareta1315-1346/1347) en har soan David (1324-1371) berikten folwoeksenens. David folge syn heit yn 1329 op as kening fan Skotlân. Elizabeth kaam op 27 oktober 1327 te ferstjerren yn 'e keninklike residinsje te Cullen, yn Banffshire, yn 'e âlderdom fan 43 jier. Hja waard begroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline, dêr't it stoflik omskot fan har man oardel jier letter njonken har beïerdige waard. De tombe rekke yn it ferjit nei't de abdij yn 1560 plondere en fernield wie troch kalvinistyske byldestoarmers, mar yn 1819 waard de deakiste fan kening Robert werûntdutsen, en yn 1917 dy fan Elizabeth fan Burgh. Beide waarden werbeïerdige yn 'e nije abdij, dy't út it begjin fan 'e njoggentjinde iuw datearret.

Foarâlden fan Elizabeth fan Burgh

bewurkje seksje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Willem fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
8. Richard fan Burgh, 1e baron fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. ûnbekend (dochter fan Domnall Mór Ua Briain)
 
 
 
 
 
 
 
4. Walter fan Burgh, 1e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Walter fan Lacy, hear fan Meath
 
 
 
 
 
 
 
9. Egidia fan Lacy, baronesse fan Konnacht
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Margareta fan Braose, frouwe fan Trim
 
 
 
 
 
 
 
2. Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Geoffrey FitzPeter, 1e greve fan Esseks
 
 
 
 
 
 
 
10. Jan FitzGeoffrey
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Aveline fan Clare
 
 
 
 
 
 
 
5. Isabella FitzJohn
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Hugo Bigod, 3e greve fan Norfolk
 
 
 
 
 
 
 
11. Isabella Bigod
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Maud Marshal
 
 
 
 
 
 
 
1. Elizabeth fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Walter fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
12. Hubert fan Burgh, 1e greve fan Kent
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Alice
 
 
 
 
 
 
 
6. Jan fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Willem fan Warenne, hear fan Wormegay
 
 
 
 
 
 
 
13. Beätriks fan Warenne
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Beätriks fan Pierrepont
 
 
 
 
 
 
 
3. Margareta fan Burgh
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Willem II fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
14. Willem III fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Hawise fan Bocland
 
 
 
 
 
 
 
7. Hawise fan Lanvaley
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Gilbert fan Peche
 
 
 
 
 
 
 
15. Maud fan Peche
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Alice FitzRobert
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.