Kastiel fan Kildrummy
It Kastiel fan Kildrummy (Ingelsk: Kildrummy Castle) is âlde fêsting yn it greefskip Aberdeenshire, yn it noardeasten fan Skotlân. Yn dy kontrei is it ien fan 'e bêst bewarre bleaune trettjinde-iuwske kastielen, nettsjinsteande dat it in ruïne is. Foarhinne wie it de sit fan 'e greven fan Mar. Tsjintwurdich is it eigendom fan Historic Environment Scotland, de Skotske rykstsjinst foar it behear fan monuminten, en kin it besichtige wurde troch it publyk.
Kastiel fan Kildrummy Kildrummy Castle | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Skotlân | |
greefskip | Aberdeenshire | |
plak | Kildrummy | |
koördinaten | 57°14′6″ N 0°54′18″ W | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | kastiel | |
boujier | mids 13e iuw | |
kaart | ||
Lokaasje yn Skotlân.
|
Skiednis
bewurkje seksjeIt Kastiel fan Kildrummy waard mids trettjinde iuw boud yn opdracht fan Gilbert fan Moray, de letter hillich ferklearre biskop fan Caithness. It tinken is dat it fêstingwurk op dit plak set is, om in rûte troch it Grampian-berchtme te behearskjen.
Om it Kastiel fan Kildrummy is yn 'e skiednis ferskate kearen fochten. Sa waard it yn 1306, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, belegere troch de Ingelsen, doe't de famylje fan 'e Skotske kening Robert I der beskûl socht hie. By dy gelegenheid waard it Skotske garnizoen oanfierd troch Robert syn jongere broer Neil fan Bruce, dy't him úteinlik oerjaan moast, wêrnei't er yn opdracht fan 'e Ingelske kening Edwert I terjochtsteld waard yn Berwick-upon-Tweed. Yn 1335, ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, waard it Kastiel fan Kildrummy fannijs belegere, diskear troch de troepen fan David III fan Strathbogie, in Skotske ealman dy't it mei de Ingelsen hold. It kastiel waard doe ferdigene troch Kristina fan Bruce, in suster fan Robert I, dy't it úthold oant har man Andréas fan Murray har ûntsette.
Yn 1374 waard de erfgenamte fan it Kastiel fan Kildrummy, Isabella Douglas, grevinne fan Mar, ûntfierd en ta trouwen twongen troch de ealman Aleksander Stewart, dy't him neitiid it kastiel en de titel 'greve fan Mar' ta-eigene. Yn 1435 kaam it kastiel yn 'e hannen fan kening Jakobus I fan Skotlân, wêrnei't it in keninklike residinsje waard oant it yn 1507 oan Alexander Elphinstone jûn waard. Neitiid wie it Kastiel fan Kildrummy yn it besit fan 'e Clan Elphinstone en letter fan 'e Clan Erskine, foar't it yn 1716 leech kaam te stean nei de Jakobityske Opstân fan 1715. Yn 1951 waard it kastiel oerdroegen oant Britske Ministearje fan Publike Wurken, wêrfan't it Skotske diel yn 1991 omfoarme waard ta Historic Environment Scotland.
Galery
bewurkje seksje-
De ruïnes.
-
De Wardens Tower.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|