Neil fan Bruce (broer fan Robert I)
Neil fan Bruce (Ingelsk: Neil Bruce of Nigel Bruce, Normandysk-Frânsk: Nigel de Brus, Skotsk-Gaelysk Niall a Briuis of Niall Bruis, Skotsk: Neil Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1276 – Berwick-upon-Tweed (Skotlân), septimber 1306) wie in Skotsk ealman dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hy wie in jongere broer fan kening Robert I fan Skotlân, en waard yn 1306 troch de Ingelsen terjochtsteld.
Neil fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1276 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry (Skotlân) | |
stjerdatum | septimber 1306 | |
stjerplak | Berwick-upon-Tweed (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk |
Libben
bewurkje seksjeNeil wie in soan fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Hy kaam omtrint 1276 te wrâld (oare boarnen sizze: omtrint 1278), wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Hy wie in jongere broer fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân op 'e troan kaam.
Koart nei't er him ta kening kroanje litten hie, litte Neil syn broer Robert mids juny 1306 in nederlaach yn 'e Slach by Methven, en yn augustus fan dat jier kamen de Ingelsen him suver oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie. Hy moast sadwaande halje-trawalje de wyk nimme, wêrnei't er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk gie. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy. Dêrûnder wiene Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn jonge dochter Marjorie, syn susters Kristina en Marije, en Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan.
Doe't it Kastiel fan Kildrummy ûnder belis fan 'e Ingelsen kaam, fierde Neil fan Bruce it befel oer it Skotske garnizoen, dat de Ingelsen langernôch besocht tsjin te hâlden dat de froulju flechtsje koene. (Hoewol't dat slagge, foelen de froulju koarte tiid letter troch it ferrie fan Willem II, greve fan Ross, dochs yn Ingelske hannen, wêrnei't se jierrenlang yn Ingelske finzenskip trochbrochten.) Uteinlik wiene Neil en de oare ferdigeners fan it Kastiel fan Kildrummy twongen en jou har oer. Neil waard dêrnei oerbrocht nei de Skotske grinsstêd Berwick-upon-Tweed, dêr't er syn septimber 1306 foar ferrie (oan 'e Ingelske kening Edwert I, dy't himsels ek kening fan Skotlân achte) ta de dea brocht waard troch yn it iepenbier ûnthalze te wurden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |