Haadmenu iepenje
Plak fan it Kastiel fan Turnberry (yn read).

It Kastiel fan Turnberry (Ingelsk: Turnberry Castle) is in fragmintaryske ruïne op 'e útein fan in lyts skiereilantsje oan 'e súdwestkust fan Skotlân, yn 'e neite fan 'e doarpen Kirkoswald en Maybole, yn it greefskip Ayrshire. It wie foarhinne de residinsje fan 'e greven fan Carrick.

SkiednisBewurkje

It is ûnbekend wannear't of troch wa't it kastiel boud is, mar it wie oarspronklik in fêsting fan 'e hearen fan Galloway, foar't it oan it begjin fan 'e trettjinde iuw yn it besit fan 'e greven fan Carrick kaam. Mids trettjinde iuw wie it de sit fan Marjorie, grevinne fan Carrick, de mem fan 'e ferneamde Skotske kening Robert I. It is net ûntsjinstriidber befêstige, mar it hat der alle skyn fan dat Robert I op it Kastiel fan Turnberry berne waard. Yn elts gefal brocht er der in grut part fan syn jonkheid troch.

 
De ruïnes fan it Kastiel fan Turnberry.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch waard it kastiel troch de Ingelsen beset, wat der yn 1307 ta late dat Robert I syn eigen kastiel oanfoel. It slagge him net en feroverje de fêsting, mar syn wraam twong it Ingelske garnizoen neitiid om har út 'e krite werom te lûken. Yn 1310 oardere Robert I dat it kastiel ferrinnewearre wurde moast, sadat it nea wer yn 'e hannen fan 'e fijân falle koe. Nei de steat fan 'e hjoeddeiske ruïnes te oardieljen, is it dêrnei nea wer opboud.

Hjoeddeistige sitewaasjeBewurkje

Tsjintwurdich is der mar in bytsje mear oer fan it Kastiel fan Turnberry. De ruïnes wurde oan trije kanten omsletten troch de Skotske See, wylst oan 'e lânkant in golfbaan leit. Iuwenlang hawwe de ruïnes bleatstien oan 'e ynfloeden fan waar en wyn, wat se gjin goed dien hat. Sadwaande binne inkeld de kelders en de tsjerkers no noch yntakt. Fierders bestiet it kastiel út guon mei moas begroeide stienheapen en wat restanten fan wat oarspronklik wierskynlik in ophelbrêge en in falstek wiene, dêr't oarspronklik de poarte mei fersterke wie. Der binne grotten dy't nei see liede, en dy't mooglik ienris brûkt binne om skippen by it kastiel oanlizze te litten. Yn 1873 waard op in diel fan it terrien in fjoertoer set, dy't der no noch altyd stiet.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.