Kirkoswald (Skotlân)

Kirkoswald (Skotsk: Kirkossald) is in doarp yn it distrikt Carrick fan it Skotske histoaryske greefskip Ayrshire. It leit yn súdwestlik Skotlân, oan 'e kust fan 'e Skotske See, 4½ km súdwestlik fan it doarp Maybole.

Kirkoswald
Bestjoer
Lân Grut-Brittanje
Lânsdiel Skotlân
Greefskip Ayrshire
Sifers
Ynwennertal 194 (1991)
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC +1
Koördinaten 55°19′48″N 4°46′00″W
Kaart
Kirkoswald (Skotlân)
Kirkoswald
Lokaasje yn Skotlân.

Kirkoswald is ferneamd nei de tsjerke (kirk) dy't wijd is oan 'e hillige Oswald fan Noardumberje, dy't neffens it ferhaal op dit plak yn 'e sânde iuw de oerwinning yn in fjildslach behelle. De âlde tsjerke, út 1244, wêrfan't de doopfont noch brûkt wie by de doop fan de Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, yn 1274, is no in ruïne op it tsjerkhôf fan de nije tsjerke. Dy waard boud yn 1777, nei in ûntwerp fan Robert Adam. Kirkoswald is ek bekend fanwegen de konneksje mei de grutte Skotsktalige dichter Robert Burns. De Brouns, de famylje fan syn mem, kamen út Kirkoswald, en sels gied er der in hoart nei skoalle, en neitiid basearre er guon fan syn gedichten op doarpelingen út Kirkoswald.

Demografy en geografy

bewurkje seksje

Yn 1991 hie Kirkoswald in befolking fan 194 minsken. De lyknammige parish ("parochy") hat in oerflak fan 60,3 km², en omfiemet ek it kustdoarp Maidens, dat yn 1991 567 ynwenners hie. Ta de besjensweardichheden yn 'e himrik fan Kirkoswald hearre de kastielen fan Culzean en Thomaston en de ruïnes fan 'e Abdij fan Crossraguel en it Kastiel fan Turnberry.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.