Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1789-1848)
Maurits Pico Diederik baron fan Sytzama (Driezum, 2 juny 1789 - Ljouwert, 15 july 1848) wie fan 1840-1848 grytman fan Idaerderadiel, en lid fan provinsjale steaten en de Twadde Keamer.
As soan fan kavaleryoffisier Johannes Galenus baron fan Sytzama en Anna Maria Maclaine studearre hy fan 1809 oant 1813 Romeinsk- en hjoeddeisk rjocht oan de Ryksuniversiteit Grins.
Dêrnei waard hy polityk en bestjoerlik aktyf yn en foar Fryslân. Hy wie in frijwat ûnôfhinklik optredend Twadde Keamerlid. As grytman fan Idaerderadiel en letter gûverneur fan Fryslân wegere hy yn 1840 in beneaming as lid fan de Ried fan Steat. Hy siet fjirtjin jier yn de Twadde Keamer en wie dêrfan fan 18 oktober 1837 oant 15 oktober 1838 ek de foarsitter.
Houlik en bern
bewurkje seksjeOp 8 july 1815 troude er yn Ljouwert mei Geertruid de Wendt (Ljouwert, 30 july 1793 - dêre, 17 maaie 1865). Sy krigen de neiflogjende bern:
- Eise de Wendt van Sytzama, (Ljouwert, 6 oktober 1816 - dêre, 18 july 1843). Hy waard master yn de rjochten en troude op 15 desimber 1842 yn Ljouwert mei Rinske Heringa Cats (Ljouwert, 14 july 1822 - dêre, 29 maaie 1851). Syn rouboerd út 1843, is it jongste fan Fryslân.
- Anna Maria van Sytzama, (Idaarderadiel, 18 augustus 1825 - De Haach, 9 desimber 1827)
- Johannes G. W. H. van Sytzama (Friens, 26 oktober 1830 - Oldebroek 28 augustus 1907).
De húshâlding wenne efter inoar op de Rinsma State yn Driesum en op in bûtenpleats yn Friens (destiids gemeente Idaarderadiel, dêr't er 23 jier grytman wie).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|