Maurizio Micheli

Maurizio Micheli (Livorno, 3 febrewaris 1947) is in Italjaansk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur.

Maurizio Micheli
Filmklapper.png akteur
Maurizio Micheli.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maurizio Micheli
nasjonaliteit Flag of Italy.svg Italjaansk
berne 3 febrewaris 1947
berteplak Livorno (Itaalje)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
reg. identiteit Flag of Tuscany.svg Toskaansk
jierren aktyf 1974 – no
offisjele webside
Webstee fan Maurizio Micheli

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Micheli waard yn 1947 berne yn it Toskaanske Livorno, mar ferfear al jong mei syn âlden en jongere suske nei Bari ta.[1]. Doe't er likernôch 20 jier wie, ferhuze er nei Milaan dêr't in oplieding folge oan 'e Skoalle foar Dramatyske Keunsten yn it Piccolo Teatro.

KarriêreBewurkje

Fan 'e ein fan 'e santiger oant de ein fan 'e tachtiger jierren krige Micheli grutte populariteit as komyk, troch in searje suksesfolle revu's, wêrûnder Fantastico, W le donne, Al Paradise en A tutto gag. Micheli wie ek heul aktyf as toanielakteur, mar syn filmkarriêre kaam op it twadde plan. Yn 1999 waard er beneamd ta offisier yn 'e Oarder fan Fertsjinste fan 'e Italjaanske Republyk.

Yn 2002 publisearre Micheli de roman Garibaldi amore mio, fan Baldini Castoldi Dalai,[2] dêr't in foarstelling nei makke waard.

PriveelibbenBewurkje

Micheli is skieden fan aktrise Daniela Nobili, mei wa't er in soan hat, Guido. Sûnt 1996 hat er in relaasje mei aktrise Benedicta Boccoli.

Hichtepunten út Micheli's karriêreBewurkje

films
teäter

UnderskiedingenBewurkje

Officier yn de Oarder fan Fertsjinst fan de Italjaanske Republyk, Rome, 27 desimber 1999[6]

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. «Io, il miglior barese di Livorno»: parla Maurizio Micheli
  2. Maurizio Micheli, attore, comico e commediografo italiano, oggi 73enne, di grande formazione teatrale, protagonista di molti film commedia
  3. Fan de site mauriziomicheli.it
  4. È proprio il caso di dire: “Su con la vita!”. Lo spettacolo di Maurizio Micheli ad Avezzano
  5. Su con la vita! Gli spaiati e Le belle statuine
  6. Ufficiale Ordine al Merito della Repubblica Italiana Micheli sig. Maurizio

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.