Mei Li Vos (Eindhoven, 31 maart 1970) is in Nederlânse politika, earder fakbûnslieder en kollumniste. Fan 1 maart 2007 ôf siet sy út namme fan de Partij fan de Arbeid yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, mar yn 2010 helle se net genôch (foarkar)stimmen foar in twadde termyn.

Mei Li Vos (2016)

Vos komt út in húshâlding mei fiif bruorren; har Sineesk-Yndyske mem hie in útjouwerij, har Nederlânske heit hie in boekhannel. Vos studearre politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Op 20 juny 2001 promovearre sy oan dy universiteit. Fan 2004 oant 2006 wie sy oan it wurk as kommunikaasjemeiwurker by it Ministearje fan Algemiene Saken. Simmer 2005 wie hja ien fan de oprjochters fan it Alternatief voor Vakbond (AVV). Dy fakbûn ûntstie út argewaasje oer de FNV dy't ferfallen wêze soe ta in organisaasje foar minsken sûnder wurk en âlderein, en dy't fral it belang fan 55-plussers tsjinje soe. Vos waard teffens foarsitter fan it nije fakbûn. Fierders skreau hja kollums foar it blêd Vrij Nederland en ek in skoftke foar de Volkskrant Banen, in fergees fakatuereblêd fan de Folkskrante.

By de Twadde-Keamerferkiezingen fan 22 novimber 2006 stie sy op plak 38 fan de kandidatelist fan de Partij fan de Arbeid. Troch it ferlies fan sitten fan de PvdA kaam Vos lykwols net fuortendaliks yn de Keamer. Earst nei it fuortgean fan in tal Keamerleden fan har partij nei it kabinet-Balkenende IV waard Vos op 1 maart 2007 beëdige. Mei Li Vos is sûnt maaie 2007 ek lid fan de Ried fan Kommissarissen fan it publike multikultuerele radiostasjon FunX BV (dat yn hannen is fan de fjouwer lokale publike omroppen út Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utert).

Yn 2008 spile sy yn de Nederlânske spylfilm Vox Populi (Latyn foar "Stim fan it Folk") fan Eddy Terstall de rol fan Linda.

Op de PvdA-kandidatenlist foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 9 juny 2010 stie Vos, krekt as yn 2006, op it 38e plak. Sy besocht noch om mei foarkarstimmen yn de Twadde Keamer keazen te wurden, mar mei 10.200 stimmen slagge dat net. Fan 2010 oant 2012 wurke se foar it griengasbedriuw OrangeGas as direkteur Publike Saken. Foar de Twadde Keamerferkiezingen 2012 stie se op it 20ste plak op de kandidatelist. Dit wie heech genôch om keazen te wurden.

Op 19 desimber 2013 waard Vos ynstallearre as ûnderfoarsitter fan de parlemintêre enkêtekommisje Fyra.

Yn de Twadde Keamer fierde se it wurd oer zzp'ers, MKB-belied, wittenskip en ynnovaasje en it kânsspulbelied. Foar de Twadde Keamerferkiezingen 2017 stie se op 32ste plak op de kandidatelist. Se helle lykwols net genôch foarkarstimmen foar in sit yn de bot krompen PvdA-fraksje.

Yn 2018 waard bekend dat Vos werom komme sil yn de polityk: by de Earste Keamerferkiezings fan 2019 is se listlûker fan de PvdA. Yn in ynterne ferkiezing wûn se fan Ruud Koole, Esther-Mirjam Sent en Jeroen Recourt dy't yn dy folchoarder twadde, tredde en fjirde waarden. Yn 2020 jout se oan dat se dy funksje net mear kombinearje kin mei it fice-foarsitterskip nei opskuor oer de ûnôfhinklikheid fan Alternatief voor Vakbond, wêrnei't se sei dat fice-foarsitterskip oerjaan te wollen.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • International cooperation between politics and practice: how Dutch Indonesian cooperation changed remarkably little after a diplomatic rupture (dissertaasje, 2001)
  • De informatiesamenleving, bij voorbeeld: hoe ICT inwerkt op de samenleving (2002) (tegearre mei Rick van der Ploeg)
  • De digitale kloof wordt dieper: van ongelijkheid in bezit naar ongelijkheid in vaardigheden en gebruik van ICT (2003) (mei prof. J.A.G.M. van Dijk)
  • Empowerment: over laten en doen (2004)
  • Het arbeidersparadijs (2006), utjouwerij Prometheus, ISBN 90-446-0889-4
  • Politiek voor de leek (2011), utjouwerijPrometheus, ISBN 90-446-1737-0

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: