Meidogger:Geoffrey/kladblok

Skieringers en Fetkeapers

bewurkje seksje

Om 1400 hinne wie der benammen yn Westlauwersk-Fryslân striid tusken de Skieringers en Fetkeapers. Oer it generaal wienen de Skieringers fan it plattelân, Ljouwert wie ien fan de sintra fan de Fetkeapers. Troch de partijstriid moasten der yn Ljouwert nije ferdigeningswurken komme.

Fan 1480 ôf wie sprake fan ferskerping fan de tsjinstellings tusken beide partijen en dêrmei gearhingjend in ferswakking fan it gesach. De oardeleasheid naam ta en berikte in hichtepunt doe't de Skieringer haadlingen Juw Juwinga en Piter Harinxma iepentlik mei inoar yn oarloch rekken. Yn earsten gong it allinnich om it besit fan Boalsert, letter wreide de striid har út om de macht oer hiel Westergoa. Troch beide siden waarden bûtenlânske hiersoldaten (knechten) yn de striid wurpen, dat oant dan noch mar selden bard wie.

Yn Ljouwert wienen yn 1481 meente en gilde deryn slagge har te ûntdwaan fan de supremasy fan de haadlingen en ferwurven grutte ynfloed op it stedsbestjoer. Hja woenen dat der in ein kaam oan de macht fan de haadlingen dy't de hannelswegen om de stêd ûnfeilich makken en de frijheid fan it om hinne lizzende plattelân beheinden.

Trije steden ferbûn

bewurkje seksje

Troch de ûnderlinge striid fan de Skieringers oer Boalsert en de omkear yn Ljouwert ferlear de oant dy tiid besteande partijtsjinstellings tydlik oan skerpte. Hjirtroch wie it mooglik dat der yn 1482 in ferbûn kaam tusken de Fetkeaperske stêden Ljouwert en Boalsert en it Skieringer Snits. It Trije steden ferbûn soarge fiif jier foar frede, mar spatte maaitiid 1487 dat ferbûn útinoar doe't Ljouwert en Boalsert partij keazen yn de oarloch tusken Yge Galema en de abt fan it kleaster fan Himmelum. Nei it bieroproer waard Ljouwert oermastere