Ik mei graach yn 't Frysk skriuwe, dichtsje, harsenskrabje, eamelje en in petear oangean. Ik meitsje websiden, û.o. foar mûnen yn Fryslân: De Aylvapoldermûne, Victor poldermûne yn Wânswert, De Volharding poldermûne en de Arkens flinterwjukken poldermûne yn Frjentsjer. Ik bin ek frijwillich mûnder op mûnen: de Aylvapoldermole by Burchwert, De Volharding in boeremounts by Jislum en by it simmerskoft de Fûgelhoeks poldermûne op it Súderseemuseum yn Enkhuzen. Derneist sit ik yn 't bestjoer fan Streekbelang Oost-Westhoek en bin ik skathâlder by it Gild Fryske Mounders. Lid fan Wmo-advysried yn gemeente It Bilt. Út en troch húswarje op in buorkerij yn Drinte. Myn eigen hûs ferbouwe en fan oaren, dêr haw ik in grutte nocht oan.