Dei Jehannes, Wolkom op de wikipedy! Jo hawwe it paad sels al wat fûn, seach ik. By de wikipedy binne neist in soad moogklikheden lykwols ek wat saken dêr't wy ús oan hâlde moatte. Sa is it neamen fan de boarne in eask, de rjochten op tekst en foto's moatte regele wêze. Soks kin troch in boarne te neamen by it oanbieden. No hienen jo juster in foto fan Bartlehiem oanbean. By it oanbieden moat altiten de lisinsje oanjûn wurde: mei/sûnder rjochten en hokker dan krekt.. As der foto's brûkt wurde dy't net frij fan rjochten binne, rint it hiele Wikipedia projekt gefaar en hat alle wurk oant no ta fergees west. Mooglik binne jo sels de makker fan de foto, dat soe moai wêze, want dan hawwe jo ommer ek sels de rjochten. As de foto fan in oar is moat dyjinge de rjochten frijjaan. Soenen jo de foto dêrom nochris oanbiede wolle mei de Lisinsjefermelding der by? Dan kin de foto ek brûkt wurde. 'k Hoop gau mear fan jo te lêzen (en sjen). Groetnis, --Swarte Kees 25 jan 2012, 14.34 (CET)Beäntwurdzje

Bartlehiem

bewurkje seksje

Goeie Swarte Kees, Jawis haw ik it paad fûn en besykje ik wat op Wikipedia te setten of te feroarjen. Ik hie de foto der opsetten en dernei seach ik dat ik de rjochten oanjaan moast. Ik tink moarn nochris sjen oft it wurket. Doe seach ik hjoed jo eameltsje mei oanwizingen. Tige tank foar jo help, dat is my wolkom. Groetnis, Jehannes.

Jûn Jehannes, ik seach jo hienen justerjûn nochris besocht om de foto fan Bartlehiem op te laden, mar it liket my net hielendal slagge. Mooglik kin ik jo fierder helpe: Nei "Triemnamme boarne - Bestand kiezen" ferskynt yn "Triemnamme om op te slaan" de namme fan de foto fan Bartlehiem sa't dy by jo op de kompjûter stiet. By "gearfetting"kinne jo oanjaan wa't de foto beskikber steld, dejinge dy't de foto beskikber steld hat. Noch mear nei ûnderen ta scrolle levert it ynfolbalkje "Lisinsje" op Oan de rjochterkant sit in trijehoekje rjochts fan "Neat keazen" troch derop te klikken wurdt in tal opsjes sichtber, dêr't jo in kar út meitsje. Nei "Lis de triem fêst" oan te klikken soe it goed wêze moatte.--Swarte Kees 26 jan 2012, 19.05 (CET)Beäntwurdzje
Goeie Swarte Kees, It slagget my net om de òfbylding fan Bartlehiem-1.jpg der op te krijen. Hoe kin ik in òfbylding fuortsmite?
Jûn Jehanes, fuortsmite is nearne foar nedich. As jo de rjochtenlisinsje oanjaan kinne (wa't de rjochten frijjûn hat) wol ik de foto der wol foar jo opsette, mar jo kinne it sels ek:
  1. selektearje de namme fan de foto, (ynklusyf .jpg)
  2. typ dan op de side dêr't it plaatsje komme moat: Ofbyld:........|thumb|ûnderskrift foto en set der dûbele klamheaken omhinne [
  3. Op de puntjes sette jo de selektearre namme fan de foto fan Bartlehiem
  4. Fêstlizze

en klear is kees.. Mun leart nea better troch it sels te dwaan, mar as it mislearret rêde wy it tegearre wol op. Groetnis, --Swarte Kees 16 feb 2012, 21.33 (CET)Beäntwurdzje

Goeiejûn Swarte Kees, It is slagge om de òfbylding fan Bartlehiem-1.jpg der op te krijen. Hé, Hé. Wie ik okkerdeis oan 't reedriden by Bartlehiem en soe ik machtich moaie foto't nimme fan 't iis en de reedriders dêre en wie de batterij leech fan myn kamera. No moat ik wer in jier wachtsje. Wat wie it moai swart iis op 'e Dokkumer Ie en prachtich waar. Der binne no 2 deselde foto's fan Bartlehiem as triem, mar hoe krij dy âlde der ôf fan 24 jannewaris l.l.?

Groetnis Jehannes.

No Jehannes, de twadde foto nimt it plak yn fan de earst oanbeane foto, dus dat is gjin probleem. Hawwe jo de foto sels makke út de boat wei os sa? Dan moat der efkes by setten wurde dat jo de makke r binne en de rjochten frijjûn hawwe. As it de foto fan in oar is dan moat dy efkes oanjaan dat er tastimming jout om de foto te brûken. Soks hipt by de wikipedy tige nau...Groetnis,

Ik haw oanjûn dat de foto sels makke is. Der stiet sels by de ynfo fan myn kamera. Yn 't grês lein op 'e bûk neist de Feinsumer brêge. Jehannes.

foto Bartlehiem

bewurkje seksje

Jûn Jehannes, ik ha niiskrekt myn foto fan Bartlehiem delsetten, want it is mar de fraach oftsto der oer in jier yn slaggest om in foto fan it iis dêr te meitsjen, en ik winske dy hjir in soad wille ta. Gr. --Geoffrey 16 feb 2012, 22.36 (CET)Beäntwurdzje

De wrâldferneamde brêge fan 'e Feinsumer feart. Tige tank! Jehannes.

Victor

bewurkje seksje

Goeie. Tige tank foar bydrage Victor. In part oer de Wânswerter polder wie frijwat wiidweidich, dat ik haw dy polder in eigen stikje jûn. Drewes (oerlis) 25 apr 2016, 17.39 (CEST)Beäntwurdzje

Fergeemje Jehannes, ik sjoch krekt dat wy al in side Victor (mole) hawwe! Soene jo der nei sjen wolle en sko beide stikken ynelkoar? Drewes (oerlis) 25 apr 2016, 17.49 (CEST)Beäntwurdzje

Goeie, ik haw it yn-inoar skoud, mar hoe smite je Victor fuort? Groetnis Johannes.

Ik haw Victor wiske. En kom ris wat faker del soe ik sizze. Drewes (oerlis) 27 apr 2016, 18.18 (CEST)Beäntwurdzje

Dat bin ik ek fan doel. Kin de haad fan Victor mole feroare wurde? Wy op klaai sizze fan Victor mûne.

Ik kom ek fan de klaai, mar wenje it grutste part fan myn libben yn de Wâlden. Dêr haw ik ek noch nimmen 'mole' sizzen heard, lokkich mar. Drewes (oerlis) 27 apr 2016, 19.50 (CEST)Beäntwurdzje