Goeie,
Jo hiene op Aldegea (Smellingerlân) in keppeling taheakke nei in side oer it Iepenloftspul. No is de Wikipedy net in webporteal (lykas bygelyks startpagina of sokssawat). De bedoeling fan dizze ensyklopedy is om in beskriuwing te jaan oer it ûnderwerp.Wol hawwe wy keppelings op siden dy't op it ûnderwerp sels slagge. Bygelyks by gemeenten de offisjele side fan de gemeente of by doarpen in side fan it doarpsbelang of doarpskrante sa as by Aldegea.
Dêrom haw ik de ferwizing nei livius-aldegea.nl fuorthelle en haw derfoar yn't plak in lyts stikje derbyset oer it iepenloftspul (en noch wat oer de skiednis wat ik op it ynternet fine koe). Hawwe jo ek noch wat oer it doarp te fertellen fiel jo frij, en noch sukses tawinske mei it iepenloftspul. Theun 22 jan 2007, 19.47 (CET)
Noch in opmerking, as ik sykje op Hector Livius fan Haersma krij ik ek in genealogy te sjen, wêr út bliken docht dat Hector de pakesizzer is fan Livius fan Haersma. Dêr moat ien yn de war wêze. Theun 22 jan 2007, 19.57 (CET)
Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.