Wolkom by de Fryske Wikipedy!
Ik begryp jo hawwe al ûnderfining mei Wikipedia. Lykwols, hjir in pear oanwiizings wêr't de saken by de Fryske Wikipedy te plak binne:

  • Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip (lofts boppenoan op eltse side).
  • Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlis side.
  • Foar in sinjatuer by oerlis kinne jo fansels ek hjir trije of fjouwer golfkes brûke: ~~~~. As jo bygelyks "Maarten" as sinjatuer hawwe wolle, dan kinne jo dy noch oanpasse by jo Ynstellings - Alias.

Aliter 16.16, 21 mai 2005 (UTC)


List berjochten

bewurkje seksje

Ik sjoch jo hawwe in Berjoch:JU makke, sa't wy oan eltse JU-lânside in list mei JU-lannen tafoegje kinne. Ik bin bliid dat jo daalks begûn binne mei bydragen oan de Wikipedy, mar yn dit gefal past it net sa.

Wy hawwe it alris oer dy listen hân, en wy binne der op út kaam dat sa'n list net wier oer it mêd fan dy side giet, yn dit gefal it lân. Dat wy hawwe leaver in keppeling nei in side dêr't sa'n list al past, of sels in side mei allinnich in list, as oeral troch de Wikipedy fan dy listen.

Guont fan dy lân-siden binne der letter bykaam as de side Jeropeeske Uny, dat jo soenen dêr oan tafoegje kinne dat it lân sûnt <jier> lid is fan de [[Jeropeeske Uny]]. Dat is hoe't it by de oare lannen, tocht ik, ek dien is.

Wy moatte hjir mar ris wat oer delskriuwe. Wêr hawwe jo socht/soenen jo sykje at der wat skreaun was oer dy listberjochten? Dan witte we daalks wêr't it stean moat. Aliter 17.02, 21 mai 2005 (UTC)

At jo it net erg fine skriuw ik myn berjoch yn it Hollânsk, myn Frysk is net tige goed. Ik heb dit Sjabloon vertaald uit de Engelse versie, zoals die ook wordt gebruikt op andere wikipedia's als de Franse, Duitse, Nederlandse, Deense, Zweedse, Poolse et cetera. Ik dacht dat het wel handig zou zijn zo'n Sjabloon ook toe te voegen op de Friese wikipedia, omdat je dan gemakkelijk door alle EU-landen heen kunt bladeren. Maar als jullie er geen prijs op stellen mogen jullie natuurlijk zo vrij zijn om het te verwijderen. Maartenvdbent 17.17, 21 mai 2005 (UTC)

Ja, sa'n berjocht liket wol maklik: it idee is, tink, troch Wikipedia oernaam út de papieren ensyklopedyen dêr't dit soart saken yn de marge skreaun wurdt. Mar bygelyks, hoefolle minsken dy't wat oer Denemark lêze hawwe der ferlet fan te lêzen dat Syprus lid fan de JU is? Dat binne der net genôch om ynformaasje dy't net oer Denemark giet op Denemark op te nimmen. Per slot kin eltsenien dy't it al witte wol gewoan de keppeling nei de JU folgje.

Ik wit dat wy it weihelje kinne, mar ik wol graach earst dúdlik meitsje wêrom. It giet perslot net om jo; jo hawwe allinnich eat oanfolje wolle wat wy mei sin net dien hienen. Fan dêr ek, dat ik it earne byskriuwe wol dêr't in oar dy't itselde idee hat it weromfine kin.Aliter 00.11, 22 mai 2005 (UTC)

Noch wat oars: As jo eat dwaan wolle dêr't net sa folle nije teksten by skreaun wurde moatte, dan soenen jo ris sjen kinne wat wy mei dy Kategoryen oanmoatte. Meidogger:B. hat der alris wat oan dien, mar ik haw sjoen dat oare Wikipedyen in hiele beam fan kategoryen opset hawwe. Faaks soenen jo ris sjen kinne hoe't dat foar ús ek kin, sûnder dat wy in soad ûnbrûkber lytse kategoryen krije. Aliter 00.12, 22 mai 2005 (UTC)

Ingveonismen

bewurkje seksje

Ik haw it foarbyld fan tiisdei wer weihelle. Op himsels liket it my gewoan noch in foarbyld fan "n" foar "s", dat dat seit net folle. It soe oars in wichtich foarbyld wêze om't it relatearre is oan de yntroduksje fan de Germaanske goade/dei-nammen. Dat at it wier sa is, dan kin it yn in aparte alinea opnaam wurde mei de datearring derby. Mar dan moatte wy al oannimlik meitsje kinne dat de namme fan de dei fan Ty/Tyr/Tiwaz yn it (West-)Germaansk in "n" hie, Hawwe jo in boarne dy't dêr mear oer skriuwt? Aliter 00.53, 19 jul 2006 (CEST)

Your account will be renamed

bewurkje seksje

18 mrt 2015, 02.42 (CET)

19 apr 2015, 09.37 (CEST)