Wolkom op de Wikipedy, Roos! Ik sjoch datst do dy dwaande hâldst mei medyske kwestjes. It is echt net sa slim dat wy noch ôf en to oan dyn artikels sitte, dat is normaal. Sjoch noch mar rêstich rûn hoe of't hjir alles yninoar sit, silst it hurd genoch ûntdekke :-). Ik wol dy al freechje om wikilinks yn dyn artikels te setten, dat wol sizze fan dy fjouwerkantige heaken om [[kinwurd]]en, sa't der in link nei oare artikels ûntstiet. Sa wurkt de ensyklopedy en ek it techniske systeem, want as der gjin blau linkske yn in artikel stiet docht it net mei yn de database.
Hoe dan ek, in soad súkses, en freechje restich noch mar wat oan ús, ast dat nedich fynst! WanabeFries 21.50, apr 19, 2006 (UTC)

Ek noch wolkom hjir. Hie jo namme net better Roas wêze kint?
Noch in pear opmerkings,

  • At jo saken feroarje op in side en efkes sjen wolle wat it resiltaat is kinne jo mei de knop Earst oerlêze de side besjen. Eltse kear at de side festlein wurdt, wurd dizze fersje kompleet opslein ek al hawwe jo mar ien letter feroare.
  • Fragen en opmerkings kinne jo op de oerlis siden kwyt. Jo kinne jo opmerkings dêr ôfslúte mei ~~~~, dit wurdt nei it festlizzen ferfong troch jo namme en datum/tiid fan de opmerking.

In protte nocht tawinske en oan't sjen. Theun 20.00, apr 23, 2006 (UTC)

Grykske wurden

bewurkje seksje

Ik haw by Genêskunde de skriuwwizen fan dy Grykske wurden wat oanpast oan wat it wurdboek hawwe woe. Mar ik sjoch dat jo foar Eachhielkunde gewoan in Frysk wurd hawwe. Binne der faak noch oare spesjalismen dy't wy gewoan yn it Frysk opnimme kinne? En fansels: Fiel jo frij mear siden oer de genêskunde en oer it hurdfytsen te skriuwen, oer beide hawwe wy noch net folle. Aliter 00.18, mai 4, 2006 (UTC)

Studinteselskip Frisia

bewurkje seksje

De side Eagum skriuwt oer it Grinzer Studinteselskip Frisia, dy't yn 1972 in tegel op it middelpunt fan de wrâld dellein hawwe. Lykwols witte wy fierders neat oer dit selskip. Jo binne studint yn Grins; witte jo faaks at it selskip der noch is? Aliter 02.08, mai 18, 2006 (CEST)