Wolkom by de Fryske Wikipedy!
Ik haw sjoen dat jo al drok dwaande wienen. Lykwols, hjir in pear oanwiizings foar as jo fierders noch net sa bekend binne mei Wikipedia:

  • Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip (lofts boppenoan op eltse side).
  • Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlis side.
  • Foar in sinjatuer by oerlis kinne jo trije of fjouwer golfkes brûke: ~~~~. Dy sinjatuer kinne jo noch oanpasse by jo Ynstellings - Alias.

Aliter 04.06, 16 mai 2005 (UTC)

It programma hat gjin opsje om in meidoggernamme te feroarjen. Dêr is al om frege, mar de programmeurs binne der noch net oan ta kaam. Dat, as jo jo meidoggerside in oare titel jouwe feroaret jo meidoggernamme net mei. Fansels koenen jo jo mei in oare namme as in nije meidogger oanmelde, mar dan bliuwt jo earste namme ek gewoan als meidogger registrearre, mei jo bydragen oant no ta.

Oars koenen jo foar jo sinjatuer bygelyks "Tjerk" of "Tj" ynstelle. Jo hawwe dan hieltiid noch Meidogger:T.M.Buma as meidoggerside, mar dêr't jo golfkes brûke komt dan dy koartere sinjatuer te stean. Aliter 04.30, 16 mai 2005 (UTC)