Achte Meidogger Tresoar,

Wolkom op de Fryske Wikipedy. Ik wit net at jo ûnderfining hawwe mei in wikipedy, as net, dat ik jou in pear koarte oanwizings. Dizze side, Meidogger oerlis:Tresoar is jo oerlisside. Oare meidoggers dy oerlis mei jo hawwe wolle, skriuwe op dizze side, en oarsom hawwe ek alle oare meidoggers sa'n oerlisside. Dizze oerlisside heart by jo meidoggerside: Meidogger:Tresoar. Dêr kinne jo wat delskriuwe oer wa at jo binne, oer hokfoar mêd spesjaal jo belangstelling hat, of oare ynformaasje, lykas de talen dy't jo behearskje (foar meidoggers fan oare wikipedyen). Yn jo gefal soenen jo der ek byskriuwe kinne wat jo ferbân is mei it ynstitút Tresoar.

Jo witte al hoe jo in side skriuwe kinne. At jo wat witte wolle oer de opbou fan in side, dan is it ornaris in goed idee en sykje in soartgelikense side. At jo mear witte wolle oer hoe't de wiki funksjonearret, dan soenen jo dêr op de Wikipedy:Mienskipside mear ynformaasje oer fine kinne moatte. Mar jo kinne ek wat op Wikipedy:oerlisside skriuwe, de oerlisside fan de Fryske Wikipedy.

Aliter 10 jul 2009, 00.12 (CEST)Beäntwurdzje