Meindert Geertsma

Meindert Geertsma (1940?) is in doarpsman fan Akkrum.

Foar de Muzykferiening De Harmony is er aktyf as trombonist, foarsitter (1977-1994), bestjoerslid en ferfangend siktaris (1994-2010) en lid van de jeugdkommisje (sûnt 2000). Troch syn ynset koaam der in jeugdorkest sadat de takomst fan de feriening sekerder waard.

Fierders wie er bestjoerslid fan de Stichting Akkrum Ald en Nij, bestjoerslid en lid van de kulturele kommisje fan de sport- en aktiviteitenhal Utingeradielhal, lid fan de Ried fan Tafersjoch fan it fersoargingssintrum Leppehiem, bestjoerslid fan de Stichting Aquaceum Akkrum, ponghâlder fan de Stichting Befoardering Muzykûnderwiis, sjauffeur fan it buske foar it ferfier fan âlderein yn Leppehiem en meiwurker fan de Túngroep fan Coopersburg yn Akkrum.

Op 29 april 2010 waard er riddere yn de Oarder fan Oranje-Nassau.