Mellingastate
De Mellingastate wie in state benoarden Stiens, gemeente Ljouwerteradiel, tichtby Feinsum. Fan de state is neat werom te finen.
It boujier is net bekend. Yn de atlas fan Eekhoff is goed te sjen dat de terpen fan Lettingastate ûnder Britsum, it Wite Hûs, Unia, de doarpsterp fan Stiens, Burmania, Juckema, Mellinga en Holdinga ûnder Feinsum op in kreaze rige oan de Middelsee leine. Dy plakken binne sá âld dat de eardere “Hooge Heere Weg”, de eartiidske haadwei fan súd nei noard, om dizze terpen hinne lein is. Mellingastate stie wat benoarden Juckemastate en folle tichter by Feinsum as by Stiens. Om 1650 wie it eigendom fan de famylje Fan Burmania. Yn 1700 is de state eigendom fan Allard fan Boerum dy't hjir oant 1729 wenne hat. Om 1740 soe de state ôfbrutsen wêze.
Bewenners
bewurkje seksje- famylje Fan Burmania
- 1700 – 1729 Allard fan Boerum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|