Memphis Monroe
Memphis Monroe (New Orleans, 23 maart 1985), echte namme: Samantha Jennings, is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Memphis, Jamie, Jamie Lynn en Jamie Norton. Nei't it skynt is har úteinlike artystenamme Memphis Monroe ûntliend oan 'e efternamme fan har idoal Marilyn Monroe, en oan 'e bynamme fan it personaazje Randall "Memphis" Raines, spile troch akteur Nicolas Cage, út 'e Hollywood-film Gone in 60 Seconds.
Memphis Monroe | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Memphis, Jamie, Jamie Lynn, Jamie Norton | |
echte namme | Samantha Jennings | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 maart 1985 | |
berteplak | New Orleans (Louisiana) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2005 – 2010 | |
offisjele webside | ||
www.club-memphismonroe.com |
Libben
bewurkje seksjeMemphis Monroe waard berne yn New Orleans, yn 'e steat Louisiana, mar groeide op yn Louisville, yn 'e steat Kentucky. Yn 2001, doe't se sechstjin wie, naam se in baantsje oan as servearster yn it filiaal fan Hooters, in keatling fastfood-restaurants dy't har foarstean litte op harren rûnboarstich personiel. Dêrnei wurke se twa jier yn Hooters-restaurants yn Louisville en letter yn Indiana, en posearre se ek foar de jierlikse Hooters-kalinder. Doe't se achttjin waard, yn 2003, sette Monroe útein mei neaken te posearjen foar manneblêden en websiden. Dêrby die se foar in beskate webside in striptiis dy't se begûn yn har Hooters-servearstersunifoarm, wat tsjin 'e regels is. Doe't se dêr by Hooters efterkamen, waard se ûntslein.
Yn 2005 posearre Monroe foar it neakenblêd Hustler. Dat wie sa'n súkses dat Hustler har in kontrakt oanbea. Datselde jiers makke har noch har debút yn in pornografyske film foar Hustler Video. Ek stie se op 'e cover fan it desimbernûmer fan Hustler fan 2005. Nei't har kontrakt yn 2007 ôfrûn, wurke se ek foar oare labels en websiden as Brazzers en Reality Kings. Yn 2009 wûn se (mei in stikmannich oaren) in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) foar bêste lesbyske groepsekssêne. Uteinlik spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) likernôch tachtich pornofilms foar't se yn 2010 de pornoyndustry de rêch takearde. Njonken har pornokarriêre trede Monroe ek op as stripper yn klubs yn hiel de Feriene Steaten. Yn 2008 wie se te gast yn it beruchte radioprogramma fan Howard Stern.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2008 | Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. |
FAME Award | nominearre | leaflingsboarsten | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jesse Jane, Shay Jordan, Stoya, Adrianna Lynn, Brianna Love, Lexxi Tyler, Sophia Santi en Priya Rai) |
Cheerleaders |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Memphis Monroe
- (in) Biografy en filmografy fan Memphis Monroe yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Memphis Monroe yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |