Menaemer Feintsjes

De Menaemer Feintsjes is in dweilorkest út Menaam. It orkest ûntstie ein 2001 út in jonge groep fan muzikanten dy't by fanfareorkest Constantia spilen.

Nei it sjen fan indweilorkest yn Ljouwert waard yn in skuorre in eigen repertoire opsteld dat alle wiken repeteard waard. Yn 2008 waard meidien oan de Bemmelse Dweildei yn Bemmel, in jier letter waarden se dêr Nederlânsk Kampioen yn de wedstriidklasse. Mei dizze legershow waarden se útnûge foar it sletten Nederlânsk kampioenskip yn Voorthuizen en wûnen dêr wer de earste priis. Yn 2010 barde dat nochris. Der folgen optredens by SK It Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion en by it reedriden op Thialf. Yn 2011 wûnen se it Dweilfestival fan Night of the Koemarkt op It Hearrenfean en waarden de Feintsjes foar de tredde kear Nederlânsk Kampioen Dweilorkesten yn Voorthuizen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: