Mennemastate lei súdwest fan Hantumhuzen, yn de gemeente Dongeradiel. Op it terrein stiet no in wenhûs.

Mennemahiem 2010

De state sil yn de 15e iuw ûntstien wêze. Mennema op De Lytse Jouwer wie yn de 15e iuw it wenplak fan de aadlike family Mennema. As Mennema staten en het guet heetende te Mennema wurdt it yn 1543 fermeld; de familynamme komt op De Lytse Jouwer yn de 15e iuw al foar.

Mids 15e iuw binne twa bruorren Mennema bekend: Gerbith en Lieuwe. Gerbith wie troud mei Tiemck, in dochter fan Wibren Boulsma fan Hijum.(Ut syn houlik mei Imck Hemmema fan Berltsum, stoarn yn 1475, soe Wibren neffens Upcke fan Burmania, UvB, fol. 47Av, gjin bern hân hawwe) Hja wennen yn Ljouwert. Gherbeth Mynnama frege yn 1491 mei syn landsaten yn Dongerdeel ende Ferwerdedeel opnomd wurde te meien yn it ferbûn mei Grins. Foar 1502 hie hie belutsen west yn in fete mei Gercke Hemminga alias Tiessens, dy't him doe skeafergoeding betelle foar geweld, finzenskip en "andere misdaden". Mooglik is hy deselde as de Gerbrant Mennama dêr't de 16e-iuwer Janco Douwama oer skriuwt yn syn Heskriften. Tiemck makke yn 1484 har testamint; Gerbith ferstoar foar 1505. Se lieten gjin bern nei. In net by namme neamde suster fan Gerbith wie suster yn it kleaster Weerd. Gerbiths broer Lieuwe troude mei Beits Stenstera, dochter fan Sasbet Stenstera te Foudgum.(Beits wertroude foar 1504 mei Lieuwe Popta.) Harren soannen Aedzert, Tzalingh en Gerbeth erkenden yn 1505 as erfgenamten fan harren omke Gherbet Mennama in betelling út lân op De Lytse Jouwer. De lizzing fan Mennema wurdt oanjûn troch Van der Meer en Van den Berg. Yn 1640 wie Mennema in pachtgoed.

Eigeners/bewenners bewurkje seksje

  • NN Mennema. Soannen:
  • - Gerbith Mennema, † foar 1505, troud mei Tiemck Wibrensdr Boulsma fan Hijum, dy't testearre 1484; en Lieuwe Mennema, troud mei Beits Stenstera. Soannen fan Lieuwe:
  • - Aedzert, Tzalingh en Gerbeth Lieuwesz Mennama, fermelde 1505
  • 1640 jonker Aylva, brûker Gerben Luipkes
  • 1698 Ulbe baron fan Aylva, grytman oer Eastdongeradiel ½ en “Vrouw Loo” ½; brûker Jan Binnes (1698) / Jan Buwes (1700)
  • 1728 grytman Albartus Aemilius Lamoraal Rengers út namme fan syn frou ½ en “Juffr. Loo, Vollenhove” ½; brûker Romke Tijssen
  • 1832 Johannes Thomas van der Bij

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Hisgis