Mennerdastate

(Trochferwiisd fan Mennerda State)

Mennerdastate lei noardnoardeast fan Brantgum, gemeente Dongeradiel. Op it stee stiet no in pleats.

pleats Mennerdatstate (2010)

De oarsprong fan dizze state is net bekend. De ienige oare Brantgumer family neist de Rennerda’s dy't yn de 16e iuw sibbannen hie mei de adel - Stania, Stenstera, Buuinga -, wie dy fan de Mennerda's. Adzert Mennerden wie yn 1511 eigener en bewenner fan in sate dy't foar 25 floreen oanslein waard. Syn frou wie Auck Stania, in dochter fan Gercke Stania fan Reitsum en Luidts Stenstera fan Foudgum. De pleats Mennerda fertoande yn 1700, 1718 en 1832 gjin bysûndere skaaimerken as in grêft of wier.

Eigeners bewurkje seksje

  • 1511 - Adzert Mennerden

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: